Ik stean hjoed yn de Ljouwerter en it Dagblad mei in gedicht oer it frije wurd. In ûnderwerp dat no wer oplôget. Foar’t ik deadsbedrigings krij foar it ferdigenjen fan in ‘foute’ skriuwer, sil ik myn stipe taljochtsje.
Fiksje is fiksje. Dochs trillet de pinne fan guon skriuwers. Grouwélichheden en kontroverse mije hat gefaarlike maatskiplike konsekwinsjes, want deaswije fan smearlapperij is it probleem ûntkenne. Proza en poëzij kin krekt dy diskusje oer misstannen iepenje troch lelike dingen moai foar te skilderjen en tsjusterheden yn it felle ljocht te setten. Lykas yn it gedicht dat ik skreau.
Lês fierder by SIgrid Kingma… Lês fierder