Teleks: Skriuwersbûn wol dat oare ynstelling master Frysk fersoarget, yn Ljouwert

logo.ensafh

Deputearre Steaten en it Ryk moatte in oare universiteit sykje foar in folweardige masteroplieding Frysk, fynt It Skriuwersboun. De feriening is net wiis mei de gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG).
It Skriuwersboun is in feriening dy’t him ynset foar Fryske skriuwers, dichters, oersetters en publisisten. As brûkers fan de taal hat it bûn belang by in akademyske oplieding Frysk.
De gearwurking mei de RUG soe opsein wurde moatte, fynt it bûn. It wol fierder dat yn de Bestjoersôfspaak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) betingsten opnaam wurde foar de oplieding en de learstoel, mei literatuerstúdzje. Dêrby moat de Frisistyk eksplisyt neamd wurde.… Lês fierder

Teleks: Oudste geschreven tekst van eerste alfabet ontdekt op 3.700 jaar oude luizenkam

logo.ensafh

De oudste tekst in een Kanaänitische taal is niet geschreven op een muur of stuk perkament. Het is gegraveerd in een luizenkam van ivoor, gevonden in het Israëlische Tel Lachish. Volgens de wetenschappers staat er: ‘Moge deze slagtand de luis in haar en baard uitroeien.’ Volgens de archeologen is de vondst, en de ontcijfering van de tekens een grote ontwikkeling op historisch en taalkundig gebied.

Lês en sjoch fierder by Archeologie OnlineLês fierder

Blog Johan Veenstra: In brêge fan glês

logo.ensafh

Van mien autobiografische roman Een brogge van glas is in 2009 een vertaeling in et Fries uutkommen. Folkert de Jong vertaelde et boek indertied hiel mooi en et kwam in een oplaoge van duzend exemplaoren uut bi’j uutgeveri’je Bornmeer. En now is In brêge fan glês dus uutverkocht. Misschien dat in een inkelde winkel nog een exemplaor van et boek te bezetten is. De Stellingwarver versie is al vule langer uutverkocht, mar bi’j boekhaandel Zwikstra in Wolvege hebben ze nog een peer exemplaoren. Een brogge van glas is now allienig nog as luusterboek te koop.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Skôging Pier Bergsma: In eigen hânfêst foar it Frysk?

logo.ensafh

Lannen ûndertekenje fan alles en sizze fan alles ta, mar de praktyske útwurking bliuwt efter. Hânfêsten binne papieren tigers.

Sneon 5 novimber wie it tritich jier lyn dat it Nederlânske regear it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden ûndertekene. Nei oanlieding dêrfan organisearre DINGtiid, it orgaan foar de Fryske taal op dy dei in gearkomste.

Heinrich Winter, heechlearaar bestjoerskunde fan de universiteit fan Grins en neffens himsels ‘bewonderaar’ fan de Fryske taal, kaam as earste oan it wurd op dizze goed besochte moarnsgearkomste yn De Koperen Tuin yn Ljouwert. It wie him opfallen doe’t er it treinstasjon útrûn dat der gjin Frysk wurd te sjen wie.… Lês fierder

Teleks: Dichter Bruinja wol mei bondel yn hast tritich talen minsken tichter byinoar bringe

logo.ensafh

We moatte nei inoars ferhalen harkje, sadat minsken harsels heard fiele. Dat is yn it koart it boadskip dat dichter Tsead Bruinja meijaan wol by it ferskinen fan syn blomlêzing yn safolle mooglik talen.
Eardere Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja presintearret woansdei yn Amsterdam syn blomlêzing ‘100 gedichten uit het Koninkrijk van 1945 tot nu’ mei safolle mooglik talen, dialekten en streektalen. Dat is bysûnder, want it is de earste kear dat in bondel mei dy ynfalshoeke makke is.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Selsbehearsking of selsmoard

logo.ensafh

Wat te tinken fan in frommis dy´t in kursus selsferdigening folge hat… en dy’t har neitiid útdaagje, koeienearje, bedriigje, misbrûke, útrûpelje, ferrinnewearje en ferhongerje lit fan immen… dy’t hja mei ien finger wol deadwaan kin?

Of is dat in ferkeard byld, as ik har ferlykje mei de Nafo dy’t in ultramodern útrist leger ta har foldwaan hat en … der neat mei docht, wylst Jeropa mei in kearnramp (en de buorlju mei kearnwapens) bedrige, de wrâldekonomy op ’e neat brocht, de wrâldbefolking útrûpele en/of mei de hongerdea bedrige wurdt fan immen… dy’t hja mei ien finger wol deadwaan kin?
Wurdt it net tiid en sis tsjin Ruslân: Dei dysels en lit ús libje?… Lês fierder