Teleks: Utnûging presintaasje Kadoboek Ferdinand de Jong

logo.ensafh

Achte hear/mefrou,

Hjirby nûgje wy jo fan herte út om oanwêzich te wêzen by de offisjele presintaasje fan it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ fan Ferdinand de Jong en de feestlike start de Fryske Boekewike 2022.

Freed 28 oktober, 20:00 oere (ynrin 19:30)
Hof van de Koning, Prinsenweg 1, it Hearrenfean

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan Las Bandidas.

Graach fernimme wy fan jo oft jo by dizze feestlike presintaasje oanwêzich wêze wolle. Opjefte fia: info@boekenfanfryslan.nl.

Boarne: Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Portret fan Gysbert Japicxpriiswinner Eeltsje Hettinga ûntbleate

logo.ensafh

Op fersyk fan Tresoar hat Elske Schotanus in portret makke fan Eeltsje Hettinga. Hettinga (1955) krige ferline jier de Gysbert Japicxpriis 2021 foar poëzy. De Provinsje Fryslân kende Eeltsje Hettinga de heechste literêre ûnderskieding ta foar de hast tritich gedichten dy’t hy fan 2017 oant 2019 makke as Dichter fan Fryslân. De spesjale Dichter fan Fryslân-krante by de twa Fryske deiblêden brocht syn wurk yn 2019 nochris by in breed publyk ûnder de oandacht.
It portret (oaljeferve op linnen fan 59,5 by 59,5 sm.) is hjoed troch Eeltsje Hettinga en de direkteur fan Tresoar, Arjen Dijkstra, ûntbleate en is te bewûnderjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.… Lês fierder

Gerrit de Vries

Ik

logo.ensafh

 

 

 

Ik

wa bin ik
ik bin in oar
efter myn ferhaal ik
wit tsjin better leauwen yn

foar mysels it allerbelangrykste
ik wie der fan it begjin ôf by
de iennichste dy’t altyd by my bliuwt
en libbenslang nea fuortgean sil

ik bin gjin fariabele
mar in konstante

ik bin ta mysels feroardiele
ik bin myn eigen finzene
en myn sipier
dan de ien dan de oar

ik bin gjin konstante
mar in fariabele

ik bin in kameleon
yn oare wrâlden fersjit ik fan kleur
wylst ik yn in einleas universum libje
is myn wrâldsje tige lyts

ik bin in fisk yn in kom
minsken en dingen dy’t dêrbûten binne
sjoch ik ferfoarme
troch in fergrutglês hinne

ik bin yn god syn djipste tinzen
in tinkende karbonade bin ik
in antyteze
of in paradoks

ik haw in antwurd
mar wit de fraach net

ik bin immen dy’t
fiif minuten foar slutingstiid
oankomt wolkom of net
altyd te let

ik bin gjin aperityf
mar in superlatyf

ik hoech mysels net te sykjen
want ik bin mysels net kwyt
ik stim ôf op it universum
en krij allinich testbyld

Ik bin it lêste puzzelstikje
dat oerbliuwt

krekt net past… Lês fierder

200 jier De Lapekoer: Lapekoer yn sifers

logo.ensafh

Nije bydrage yn it dossier troch Anne Dykstra. Dykstra hat de teksten fan ‘e Lapekoer út de Rimen en Teltsjes (1993) brûkt om frekwinsjelisten te meitsjen fan it wurk fan Joast en Eeltsje Halbertsma. Ferliking fan beide listen sil grif allerhanne nijsgjirrichs opsmite, mar hy beheint him ta wat yn algemiene sin oer de wurdskat fan Joast en Eeltsje sein wurde kin. In frekwinsjelist bestiet út types en tokens. By de types giet it om ferskillende wurden yn in tekstkorpus, by tokens giet it om it oantal foarkommens fan de types. Wannear’t we de ferskillende wurden (de types) ôfsette tsjin it totaal oantal wurden (de tokens) krije we de type-token ratio.… Lês fierder

Teleks: Nachtgedichten en foordragers socht

logo.ensafh

Saterdeg 29 oktober e.k. wort foor de achttynde keer de ‘Nacht van de Nacht’ houwen. In Waddenhoek doet ok ‘Seewyn Cultuureducatie’ met an de landlike kampanje, met de aksy ‘Nachtgedichten.’ Sij soeke mînsen die’t tidens de feestlike aven in Franeker Bildtse, Franeker en Frise gedichten foordrage wille.

Sjoch foar mear ynformaasje by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Kollum Henk van der Veer: De Verdwenen Gemeenschap

logo.ensafh

De Verdwenen Gemeenschap is de titel fan un nieuw Joads monument dat beeldend kunstenaar Piet Cohen maakt het. Ut mut un plakje krije in de Wide Burchstraat fan Sneek, op ut plak dêr’t oait de synagoge stond:

Sneker sjoel

toen barbaren met learzens fan haute design en glimmend
op dy earste november saterdachmiddach fan 1944
ut Joadse heilechdom an de Wide Burchstraat binnen stampten
om ut interieur fan de synagoge stompsinnech te fernielen
grouwe stienen deur de glas-in-load-rúten keilden
sweech de sjofa, de kleine ramshoarn
doofde ut licht in de negenarmege kandelaar, de menora
wurdde ut foargoëd stil en dúster in ut hart fan de Sneker binnenstad
sufeul jaar later herinnert un simpele grize Davidster
dat der hier oait un eenfoudege Jidise gemeenskap was

Over dat monument gaat ut, de grize Davidster, dy’t nyt as sudanech siën wurdt, dêr’t minsen op sitten gaan, fytsen teugen ansette en nyt respektfol behandele.… Lês fierder