Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXVII

logo.ensafh

De Amsterdamske antikwaar en samler Louis Putman (1923–2013) koenen je in protte fan opstekke, net yn ’t lêste plak oer it ferskynsel ansichtkaart. Mar dy kennisoerdracht ferge al wat ynskiklikens. Earst en foaral: jo mochten dat ferskynsel fan Putman inkeld oantsjutte as prentbriefkaart; it germanistyske a-wurd, ynboargere of net, wie strikt ferbean.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Kollum Aant Mulder: Elektrysk libje

logo.ensafh

De stoommasine makke yn de achttjinde iuw hieltyd mear opgong. Dy makke it mooglik om mei minder minsken mear wurk te fersetten. Dat wie belangryk foar fabriken, foar skippen en foar it spoar. De minsken diene minder, de apparaten mear. Der kaam in hieltyd grutter ferskaat oan apparaten dy’t it wurk diene. Yn 1859 waard de earste oaljeboarne ûntdutsen. Dat smiet nije enerzjyboarnen lykas peteroalje, benzine en disel op, fansels mei de fersmoarging dy’t dat fan gefolgen hie. Dêr waard net folle oer praat. Reek ferdwûn en wat men net seach, wie der net. Sa like dat alteast. Boppedat, de wrâld wie grut genôch.… Lês fierder

Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar

Gedicht ‘Aarhus’ fan Elmar Kuiper

logo.ensafh

De foardracht fan it gedicht ‘Aarhus’ fan Elmar Kuiper is in foarpublikaasje fan de twatalige blomlêzing ‘Oar hûs / Et andet hus’ (Hispel 2021) mei dêryn fjouwer Fryske dichters (Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma) en fiif Deenske dichters (Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard, Peter Laugesen, Mads Mygind en Carsten René Nielsen). In filmke fan Geart Tigchelaar.

Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Marten in Oranje

logo.ensafh

Omrop Fryslân Kollum, 14 júny 2021

Ut EK foetbal 2021 is un paar dagen onderwech en ik sal ut earlek bekenne, ik bin wel un bitsje ferslaafd an foetbal. Oranje maakt altyd wel wat los bij mij.

Ik speul al jaren in Oranje, sterkernòch at aansens de kompetisy foar seuventallen wear los gaat sit der un groate kaans in dat ik ut oudst speulende lid van Oranje Nassau Sneek bin. Niks su moai as ut getik fan foetbalskoënproppen op’e tegels fan un kleedkamer om dêrna as un jonge hoan te foelballen op un half feldsje teugen kearels dy’t over ut algemeen un stuk jonger as mij binne.… Lês fierder

Kollum Henk Wolf: alles wat

logo.ensafh

Meastal kin ik foar myn taalsnipels sels betinke wat ik skriuw, mar diskear krige ik it fersyk om te reagearjen op in kollum fan Pieter de Groot yn de Ljouwerter Krante, in krante dy’t ik sûnt myn ferhuzing nei it Easterlauwerske net mear ûnder eagen krij. Aldergeloks krige ik it stik efkes tastjoerd. It is in reaksje op de titel fan in boekje fan Omrop Fryslân, dy’t tagelyk as radiogjalp brûkt wurdt.

Lês fierder by It NijsLês fierder