Parseberjocht
13-4-21
Ljouwert mei syn ferantwurdlikens net ôfskowe!
Sûnt in diel fan de gemeente Littenseradiel opgie yn de gemeente Ljouwert is B&W fan Ljouwert ek it bestjoer fan it Rely-Jorritsmafûns. Earder foarme B&W fan Littenseradiel it bestjoer, en dy gemeente soarge foar in trochstrings treflike organisaasje fan de “Rely-Rally”. Tsientallen Fryske skriuwers stjoere jierliks bydragen yn. De Rely Jorritsma prizen binne fan grutte betsjutting foar kwaliteit en kontinuïteit fan de Fryske skriuwerij.
De prizen binne ek net tafallich ûnderbrocht by in oerheid. Jorritsma foarseach skynber dat, wannear ‘t de Fryske Biblioteek (dy’t earder ferantwurdlik wie) ophâlde soe te bestean, in link mei de oerheid nedich wie.… Lês fierder