Teleks: 100 jier Tiny Mulder: Foardracht gedichten

logo.ensafh

Dit jier is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy. Hjoed binne foardrachten fan studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle te hearren. Sy drage in pear gedichten fan Tiny Mulder foar. De oare foardrachten folgje oer in pear wiken. Besjoch de foardrachten hjirre.

Boarne: Sirkwy

 … Lês fierder

Charles Baudelaire • De bezetene

logo.ensafh

Vandaag is het tweehonderd jaar geleden dat Charles Baudelaire werd geboren, en dat wordt ook hier herdacht met uitgaven hier en daar en daar en daar ook. En hier een artikel. En hier de vertaling van al zijn brieven. Het gedicht hieronder komt uit de tweetalige bundel Le poison / Het gif, een keuze door Peter Verstegen uit het door hem vertaalde De bloemen van het kwaad, verschenen bij uitgeverij HetMoet.

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Lykspul?

logo.ensafh

Moai dat jim stimd ha! Ferline wike like de fulkaan te winnen, dus bin ik begûn oan in gedicht. Doe waard it dochs wer lykspul. Mei ien punt ferskil ha we al twa dagen in stabile einútslach en dus in winner! Sa giet dat faak mei demokrasy. Dochs is de wenningmerk in goed fertsjintwurdige minderheid. Wat te dwaan mei al dy stimmen? It liket wol polityk.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Praat minder, sis mear

logo.ensafh

Ik hie al in kollum skreaun oer it feit dat ik net sa’n polityk wûnder bin en dat gefoel is allinnich mar slimmer wurden. Want nei alle konsternaasje oer DE notysjes, bin ik it paad hielendal bjuster! Ik haw net it hiele debat sjoen, mar ik siet der al plat foar doe’t Annamarie Jorritsma oan it wurd wie. Sy koe har ek net in soad mear yn ’t sin bringe, lyk as har kollega’s en ik fûn it ergernis om nei al dat gekonkel te sjen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXV

logo.ensafh

Boeken en benammen boekjes oer ansichtkaarten binne der by ’t soad, mar dé skiednis fan dat ferskynsel moat noch skreaun wurde. Spesjaal omtinken fertsjinnet dêryn dan de saneamde fotokaart. Guon brûke dat begryp foar eltse ansicht dêr’t in foto op stiet. Under harren H.J. Haverkate; yn syn De geschiedenis van de Nederlandse prentbriefkaart, dat boustiennen oandraacht foar it noch te skriuwen wiidfiemjende ferhaal, befellet Haverkate oan it begryp fotokaart ‘in ruime zin te hanteren voor elke kaart met een fotografisch (d.w.z. werkelijkheidsgetrouw) karakter’.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder