Ferline wike krige ik in boek tastjoerd. Troch de skriuwer dêrfan, Mark Hilberts. Syn boek is al hast in jier âld, mar it wie my foarich jier alhiel ûntkaam dat it útkaam wie. Dêr is fanwege de corona ek net safolle omtinken oan jûn.
No wie’t my miskien as republikein dochs noch wol ûntkaam, fanwege de titel, De Koning van Leeuwarden. Wylst de ynhâld no krekt wol myn belibbingswrâld is. Want it giet om de man dy’t fan 1909 oant 1947 foarsitter wie fan de Alvestêdeferiening en tagelyk in grut Frysk krantebedriuw runde: Mindert Hepkema.
Hy wie ek noch abbekaat. Dat die hy op Ankereftige wize, mei tige orizjinele ynfalshoeken.… Lês fierder