Teleks: ‘Wjerspegelje’ wreidet út mei 96 lokaasjes

logo.ensafh

Twa moanne nei de lansearring fan Wjerspegelje wreidt it projekt mei Fryske poëzij op spegels op 1 april út mei acht dichters en 96 lokaasjes. Wjerspegelje benut it oanbefelle RIVM-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.

Jeanet Hospes benaderet foar Merk Fryslân de lokaasjes: “Njonken oernachtings- en hoarekalokaasjes hawwe wy ek oare iepenbiere gelegenheden frege. Sa dogge der bygelyks ek biblioteken en oare kulturele organisaasjes mei. De reaksjes binne tige entûsjast en der komme ek spontane oanmeldingen binnen. Dat lêste is moai en der is noch plak foar mear lokaasjes.” Yn totaal binne der no tritich ferskate Fryske gedichten te lêzen op 575 spegels fan 104 lokaasjes.… Lês fierder

Blog Wokke de Ruiter: Jierdei yn beheindens

logo.ensafh

Op myn jierdei, wer ik neat fan ferwachte hie, mochten mar trije minsken komme. No, dy wiene dy wike al west, dat ik hoegde gjin djoere Oranjekoeke te bestellen.

Ek de sliterij koe ik foarby ride, de drankoargels en dy thús nea sêd krije bleaune thús.

Myn broer en syn frou, dat wist ik, dy komme al salang as sij libje. Mar oare gasten hie ik net op rekkene. De measten sieten yn karantêne.

Lês fierder by Tiden hawwe tidenLês fierder

Blog Jaap Slager: Tsien mei in griffel

logo.ensafh

It wie tentamentiid op it LeF, de skoalle foar Lânbou en Feehâlderij.

Ik snjitske lykas wenst troch de fragen fan it biologyproefwurk hinne. Lêste fraach: Neam de 7 (sân) foardielen fan memmetate! (tink der goed om, dut is in alles of neatfraach, dus alle 7 goed is 70 punten en minder as 7 goed gjin punten).

Och heden, dat wie ommers it oergearkommen mar …

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Teleks: Amper in wurd Nedersaksysk op nij Nedersaksysk webstee

logo.ensafh

Ie motten ‘t huusjen bie ‘t schuurtjen laoten. Dy spreuk stiet yn skriuwletters neist de Hollânsktalige tekst fan it ‘Nedersaksisch manifest’. It is it langste stik Nedersaksysk dat wy fine koene op it nije webstee Nedersaksisch.com. Fierder stiet der noch in dichtrigel en it wurdsje naoberschap. De rest is yn it Hollânsk.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Johan Veenstra: EREBURGER VAN WEST-STELLINGWARF! EEN GROTE ERE!

logo.ensafh

Wolvege. Ik hadde verwaacht da’k mien verhael veurofgaonde an de gemienteraodsvergeerdering holen zol. Krek as vier weken leden. Mar ik mos an et aende. Dat betekende da’k mien tekst anpassen mos. Waoromme was dat toch? En doe wa’k uutpraot en doe kwam de burgemeester mit bloemen en vertelde me da’k deur de gemienteraod benuumd was tot Ereburger van West-Stellingwarf. Mien hemel nog an toe… Ik mos zomar inienend een daankwoord zeggen…. Ik bin d’r nog altied ontroerd van.

Lês en sjoch fierder by Johan VeenstraLês fierder