Tryntsje van der Steege

Ferdwale yn fertalingen

logo.ensafh

Ek wa’t de ôfrûne tiid lekker lein hat te wintersliepen ûnder in dikke swiere stien kin hast net mist ha dat der in soad te dwaan west hat om oersettingen. Ik woe my mar net oanslute yn de rige minsken dy’t al in ‘plasje’ dien ha oer de fraach wa’t no krekt hokker tekst oersette mei en hokker kwalifikaasjes oft je dêrfoar al as net ha moatte ôfsjoen fan de foar de hân lizzende taalkundige en literêre ekspertize. Men kin omtrint fersûpe yn de giele plasse dy’t dêr al omhinne leit.
Wol die it my neitinken oer de betsjutting fan oersettingen en it lêzen dêrfan, mei ynjûn troch it sukses fan ferskate Nederlânske auteurs yn it Ingelske taalgebiet.… Lês fierder

Kollum Douwe Kootstra: Utgomme

logo.ensafh

Wethâlders komme en geane. Soms sitte se mar amper op it plús. Dy’t wat langer bliuwe, ha dan ek reden om by it ôfskied achterom te sjen. Hokker fruchten hat it belied opsmiten? Wat my altyd opfalt yn sa’n ynterview – meast ôfnommen troch in braaf streekblêdsje dat nul kritise fragen stelt – is dat de wethâlder noait sizze sil dat hy of sy him breed makke hat foar natuer en miljeu yn de gemeente.

Lês fierder by Douwe KootstraLês fierder

Teleks: Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries ‘Maitiid‘

logo.ensafh

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries. It gedicht ‘Maitiid‘, in maitiidsgedicht wêryn’t de Dichter fan Fryslân û.o. de relaasje tusken taalferskaat en bioferskaat oanjout. It yngripen yn it lânskip kin liede ta it ferdwinen fan wurden foar plante- en bistesoarten.

Maitiid

Hoefolle wurden ha we noadich
om ús wrâld te beskriuwen?

Hoefolle wrâld ha we noadich
om ús wurden kleur te jaan?

Lês fierder by Dichter fan Fryslân

 … Lês fierder

Teleks: Nieuwe vertaling van Dante’s hel laat Mohammed bewust weg

logo.ensafh

In een nieuwe editie van het middeleeuwse meesterwerk ‘De goddelijke komedie’ van Dante Alighieri (1265-1321) werd beslist om de naam van de profeet weg te laten. De uitgeefster meldt aan De standaard dat ze “niet onnodig willen kwetsen”.

De Florentijn Dante schreef zijn ‘goddelijke komedie’ in het begin van de 14e eeuw. Dit dichtwerk, wat gezien wordt als een van de allergrootste prestaties uit de Middeleeuwen, beschrijft een reis doorheen hel, vagevuur en hemel. In deze nieuwe vertaling van het deel ‘de hel’ door de Nederlands uitgeverij Blossom Books wordt bewust gekozen om enkele regels die de naam van de profeet vermelden, weg te laten.… Lês fierder

Teleks: Wurkgroepkes moatte soelaas biede foar ideeën oer Fryske taal en kultuer

logo.ensafh

Njoggen Fryske ynstânsjes wurkje tenei gear om in sterker ‘kennisfjild oer de Fryske taal en kultuer’ te krijen. It giet bygelyks om de Fryske Akademy en Afûk, mar ek om it Fries Sociaal Planbureau en de learstoel Frysk by RUG Campus Fryslân. Se wurkje gear op oantrúnjen fan de provinsje Fryslân.

Lês fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Acht Fryske Seelannen?

logo.ensafh

Dêr moast ik oan tinke doe’t ik lies dat de oerienkomsten tusken Seelân en Fryslân grut binne. Ik miende tagelyk dat der eartiids sân Fryske Seelannen wiene en dat we dy benammen sykje moatte yn it noarden fan ús lân en yn it noarden fan Dútslân. West-Fryslân soe it meast westlike Fryske Seelân west ha. Wat wier is moat sein wurde, dan binne we aardich ûnderweis nei it hjoeddeistige Seelân ta. Tagelyk binne we der net botte wis fan hokker gebieten no krekt de Sân Fryske Seelannen foarmen en oft it der wol sân wiene. Wa’t mear witte wol oer de Fryske Seelannen fynt deroer yn it Freeska Landriucht yn it haadstik Traktaat fan de Sân Seelannen mear ynformaasje.… Lês fierder