Yn Petear met Anne-Goaitske Breteler

logo.ensafh

Cultuurhistorica, antropologe en schrijfster Anne-Goaitske Breteler schoof maandag als gast aan bij het RTV NOF-programma Yn Petear. In een openhartig gesprek vertelde de inwoonster van Moddergat over de dunne lijn tussen professionele afstand en persoonlijke betrokkenheid bij haar werk, maar ook over de impact van het verlies van haar vader, kunstenaar Gerrit Breteler.

Lês en sjoch fierder by RTV NOFLês fierder

Teleks: Marga Claus wint Rink van der Veldepriis foar roman basearre op libben fan har heit

logo.ensafh

Skriuwster Marga Claus hat de Rink van der Veldepriis wûn. Se krijt de prestizjeuze literêre priis foar har roman Libbe.

It boek is foar in part basearre op it libben fan har heit. It giet ûnder oare oer de relaasje tusken âlden en bern, en de balâns tusken kontrôle útoefenje en loslitte.
De sjuery fynt dat Claus “op fernimstige wize” tiden en perspektiven ferfrisselet yn it boek. Boppedat meitsje de ferskate lagen it boek “tige geskikt” foar it besprekken yn lêsgroepen en it ûnderwiis.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 10-07-2026: Presintaasje ‘De Biltske Wassenaars’ fan Hein Jaap Hilarides

logo.ensafh

Freed 10 july is de presintaasje fan De Biltske Wassenaars yn boekwinkel De Grote Beer yn Frjentsjer. De Biltske Wassenaars is it nijste boek fan Hein Jaap Hilarides. De skriuwer sil tusken 15.00 en 17.00 oere yn de boekwinkel om it kertier in stikje muzyk meitsje en foarlêze út de famyljeskiednis. Fansels is it boek dêr dan ek te besetten.

De Biltske Wassenaars is diel 1 fan in kronyk oer de fiktive famylje Wassenaar fan it Bilt. De oare twa dielen binne Beppe Xenia (2021) en De trekker fan Troje (2017). Foar de trilogy hat Hilarides ek in soad materiaal út syn eigen famyljeskiednis brûkt.… Lês fierder

Kollum Gabrielle Terpstra: Efterkeammerkes

logo.ensafh

Somtiden, as ik yn in flatgebou troch it treppehûs rin en ik kom nimmen tsjin, oerfalt my in gefoel fan eangst. Wat as ik hjir foar altyd fêstsitte soe? Dat gefoel haw ik ek wol yn lege kantoargebouwen of winkelsintra dy’t foar de helte leechsteane. Soms komst op in ferdjipping dêr’t neat is, in plak dêr’tst as minske eins neat te sykjen hast.

Lês fierder by GoeieLês fierder