Tiisdeitejûn siet ik ek foar it ynterview mei Harry en Meghan want ik wie wol benijd nei harren ferhaal. Hoe’t it ferrûn is mei syn mem is mei rjocht in drama te neamen en hy seach deselde bui wer hingjen. Se sieten tsjin Oprah oer. Sy is yntusken ek alwer 67 jier mar noch fol fjoer. Ik mei wol oer har en nei it ynterview hie elkenien fansels wer in miening oer dit barren. Ik bin eins ek wol benijd wat der allegear fan wier is en hoe’t it keninklike stel weromsjocht op dit ynterview, dochs sille we dêr wierskynlik noait achterkomme.… Lês fierder