Hast dat wolris, datst wat nijs lêst der’tst noch noait earder fan heard hast, en dat der dêrnei alle dagen wat oer yn it nijs is? Dat hie ik de ôfrûne dagen. Ik hie in pear boeken yn de apokalyptyske sfearen meikrigen fan in freon. Dêr siet in lyts boekje De schaduw van Tambora by, oer in fulkaanútbarsting op Soembawa yn 1815 dy’t jierrenlang it hiele wrâldklimaat feroare hat. Oer Tambora stiet in aardich stikje op Wiki foar wa’t in gearfetting wol. Ik sjoch no oars tsjin fulkaanútbarstingen oan. Earder wie ik mear fan lava en it direkte spektakel, mar ik ha leard dat de swavel en de stofwolken dy’t yn de loft hingjen bliuwe folle mear skea jouwe.… Lês fierder