Teleks: Petear mei Jentsje Popma

logo.ensafh

Byldzjend keunstner Jentsje Popma wurdt dit jier hûndert: ‘It libben is in wûnder’

Tsien jier lyn sette er syn lêste skilderstreken nei in warber libben yn de byldzjende keunst. It Frysk Museum hat wurk fan him, museum Belvédère. Hy makke brûnzen bylden fan Gysbert Japicx, Piter Stuyvesant en Anne Vondeling dy’t yn Fryslân te finen binne. Tsjerken en skoallen hawwe wurk fan him yn kezinen en op muorren. Noch altyd wennet de byldzjend keunstner thús yn Ljouwert.

Lês fierder by It Friesch DagbladLês fierder

Teleks: ‘De Grutte Xi LinPing’, Aggie van der Meer har earste moannegedicht op RIXT

logo.ensafh

De Grutte Xi LinPing

‘De Grutte Xi LinPing’ is Aggie van der Meer har earste moannegedicht fan febrewaris 2021.

De Grutte Xi LinPing

se groetsje
se bûgje
dan easkje se it earste wurd

hy, XI, ferbjustere
net ien sil de macht, him tabeskikt
syn sterke hân en doel ûntnimme
hie der in oar behâld west
foar har, foar him
wie der in oare kar?

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee (2)

logo.ensafh

Brede Maatskiplike Diskusje Frysk (2)

Kwa status hie it Frysk iuwenlang neat om ’e hakken: yn it bestjoerlik ferkear waard it net brûkt. Der wie gjin ûnderwiis yn de taal. Likegoed oerlibbe it Frysk op it plattelân, tanksij in relatyf isolemint en de sterk op lânbou rjochte ekonomy fan ús regio. De measte minsken wiene analfabeet. Sa koe it Frysk as folkstaal bestean bliuwe.

Lês fierder by Willem Verf op It NijsLês fierder

Blog Jaap Slager: Helpers út ‘e wei

logo.ensafh

Ik koe myn autokaaien net fine, ju, anderje ik op syn ferwyt dat ik him wachtsje litten haw, as ik by myn kammeraat yn ’e auto stap, dy’t my nei Mértola ride sil om myn auto op te heljen dy’t wer klear is.
Dy sil de garaazjeman wol hawwe, net, ornearret er.
Do bist tûker as ik, moat ik myn Dútske gelegenheidssjofeur, dy’t fiif jier âlder is as ik, tajaan. It koste mij in heal kertier en betink dat!

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: De iiskliko is gefaarlik foar topsporters

logo.ensafh

De lêste jierren seagen je yn topsport in nuver fenomeen. Nei in wedstriid of training namen guon atleten plak yn in kliko. Yn dy kliko siet gjin gft of oar ôffal, mar iiswetter. No bin ik sa as guon fan jim wol witte in grut leafhawwer fan snie, iis en winter, mar dizze behanneling fan topsporters haw ik altyd hiel apart fûn.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Olivier van Renswoude: Engelen en Saksen in de Friese landen

logo.ensafh

Bij het dagen van de Middeleeuwen maken Engelen en Saksen in groten getale de overtocht naar Brittannië vanuit hun thuislanden aan de oostelijke Waddenzee. Anderen van hen vestigen zich dichter bij huis, in het dan nagenoeg verlaten uiterste noorden van de Lage Landen. Een schitterende getuige van dit verleden zijn wel de namen van twee naburige oorden in het ooit Friese deel van Groningen: Englum en Saaksum.

Lês en sjoch fierder by TaaldachtLês fierder