Teleks: Tomke siket (in) skriuwer(s)

logo.ensafh

Yn 2021 wurdt Tomke 25 jier! Njonken feestlike (ekstra) aktiviteiten en it ferskinen fan nije materialen en boekjes, is dat ek in moaie oanlieding om in skriuwwedstriid te organisearjen. Foar de kommende jierren wurde ien of mear skriuwers socht om de skriuwgroep oan te foljen. Wa’t ek ferhalen skriuwe wol oer it libben fan Tomke, kin meidwaan oan de Tomke-skriuwwedstriid.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Kollum Aant Mulder: Us lân oan diggels

logo.ensafh

Ik hoopje dat we it slimste hân ha as jimme dit hearre of lêze. Ik kin lykwols de rebûlje fan wat dagen ferlyn mar min kwyt wurde. It hat aldergelokst net echt yn ús omkriten spile. Dêr binne we hjirre yn it noarden dochs wat te nochteren foar, tink ik. Hoewol, yn Drachten en Ljouwert ha wol needferoarderingen fan krêft west. Op Urk, yn Swol en yn in grut ferskaat oan oare plakken wat fierder fuort wie it lykwols raak. Sok opskuor hâldt my dus yn de besnijing. It dwaan en litten fan de politisy en de bestjoerders, dy’t mei hieltyd mear ferbaal geweld dêr skande fan sprekke, jildt itselde foar.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Ik ha corona(-mazzel)

logo.ensafh

Earst krijst in berjocht fia de mail. As in soarte fan aperityf om op stoom te kommen foar it haadgerjocht. Yn dy mail stiet datst oer in kertier ynlogge kinst om de útslach fan de test te besjen. Yn dy fyftjin minuten kinst in kear nei de wc, de neils ôfbite en de kattebak ferskjinje. Dat lêste hie ik dien, doe’t ik de link fan coronatest.nl oanklikte en de útslach yn my opnaam.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Harm Woelinga

Fol

logo.ensafh

 

 

 

Fol

it bêd kreaket
in holle
fol fragen

it bêd sprekt
in holle
fol stimmen

gleone fuotten
dôvje ûnderweis
nei it finsterrút

en dêr

sjochst har
fol ljocht en leafde
dizze kant útsjen

oandien
stjerren en strjitlampen
dôvje

leafste sjoch
dêr’t it gerdyn gappet…
dêr stean ik… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Jan J. Bijlsma; Ut: It forsin

logo.ensafh

“Sil wy nou mar begjinne mei it offisiéle fraechpetear? Dan lit ik de bân rinne, hear.”
“Oké!”
Marcel skeakele de rekorder yn.
“Dou hast, Rienk O Nanninga, dit jier de Homme Hindrikspriis woun. Dat is in greate eare. Sjochst it ek sa?”
“Ja, eare! Hwat is nou eare? Sjoch, ik sil dy sizze dat ik fansels bliid bin mei it jild en greatsk dat ik as skriuwer nou de heechste priis yn Fryslân krigen haw. Mar it aldermoaiste fyn ik dat myn fijannen noch lilker op my wurde. Dat is prachtich.”
“Hast dan dyn fijannen nedich?”

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder