Blog Sigrid Kingma: Workshop poëzij yntegreare

logo.ensafh

Mei sinteklaas wurdt myn webside altyd wat faker besocht as oars. Faaks om’t ik yn it ferline foar Omrop Fryslân wat skriuwtips jûn ha foar sinteklaasgedichten. Dat leit no alwer achter ús, lykas de workshop dy’t ik flak foar sinteklaas op de Pabû yn Emmen jûn ha. Dy workshop stie ek yn it ramt fan tips. It wie foar de lêsdei, mar ik ha it benammen oer skriuwûnderwiis hân, en hoe’t je poëzij dêrby brûke kinne. It is faaks wol nijsgjirrich om wat mear oer myn workshop te fertellen, ek om’t it in oanpast ûnderdiel is fan in grutter plan dat ik yntsjinne ha binnen Taalplan Frysk.… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: It is der: It Ferbeane Boek!

logo.ensafh

Foar in skriuwer is it altyd in momintsje; it doaske of de doaze, dat hinget fan de dikte fan it boek ôf, leit stiif ticht foar dy op ‘e tafel. En al witst wat deryn sit, dochs hast wat fan spanning by dy. Hoe sil it der yn it echt útsjen? Bist tefreden of sjochst fuort op it omslach in loeier fan in flater stean? Hoe tûkt it, hoe fielt it?

Lês fierder by Hanneke de JongLês fierder

Teleks: Kolleezjes fan de Akademy fan Frjentsjer thús te folgjen

logo.ensafh

De Akademy fan Frjentsjer bringt in trijetal kolleezjes live yn de húskeamer yn it programma Thúsakademy. De Akademy is drok dwaande om fan Frjentsjer wer in universiteitsstêd te meitsjen. De kolleezjes binne gewoanwei foar publyk tagonklik, mar yn dizze koroanatiid is dat net altyd mooglik. Dêrom bringt de Akademy mei Omrop Fryslân de kolleezjes by de minsken thús.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Arno Brok: ‘Takomst fan de frisistyk’ is wichtichste taalboek

logo.ensafh

t boek De takomst fan de frisistyk, besoarge troch Rolf Bremmer, Riemer Janssen en Oebele Vries, is it wichtichste boek oer taal dat yn 2020 ferskynd is. Dat seit de foarsitter fan it Genootschap Onze Taal, in organisaasje dy’t opkomt foar it Nederlânsk. Dy foarsitter is Arno Brok, kommissaris fan de kening yn Fryslân.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: Ynternasjonalisearring

logo.ensafh

Yn it Dútsk, Platdútsk en Nederlânsk oer it Sealterfrysk prate, dêr bestie in grut fan myn earste wurkdei as wittenskiplik meiwurker by de Oldenburgische Landschaft út. It is wurk yn de regio, ommers: Oldenburg en it Sealterlân binne mar in oerke riden fan myn hûs yn Grinslân, mar it is ek ynternasjonalisearring. It is sels ynternasjonalisearring fan it ferrykjende type: meartalich, mei in grut respekt foar it karakter fan de regio, mar mei ynbring fan minsken fan beide kanten fan ’e grins, dy’t beide har eigen ûnderfiningen en kultuer meinimme.

Lês fierder by It NijsLês fierder