Teleks: Friduwih Riemersma moat op kursus

logo.ensafh

In goeie wike nei’t ik ynstjoerd hie mailde it FLMD my in fingerwizing nei alve (11!) Fryske skriuwkursussen. Ik wol net eigenwiis wêze. Ik sil mei myn skriuwerij de Nobelpriis nea winne en ik haw dalik in kursus útsocht, mar—ik kom aansen op de alve werom—myn ynstjoering wie der dus al foar anonimisearring úthelle as ‘skriuwt net bêst’: ‘it hifkjen net wurdich’.

Lês fierder by fers2Lês fierder

Teleks: Skriuwwedstriid: ferslaan Grutte Pier… mei wurden

logo.ensafh

Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstriid.

Grutte Pier daget jo út
Skriuw in essay, ferhaal, beskôging, kollum of gedicht oer wat foar Pier it iennichste wie dat telde: FRIJHEID. Hoe’t jo dat tema útdjipje, is oan jo; dêr binne jo alhiel frij yn. Fragen dy’t jo op paad helpe kinne soene: rjochtfeardige Pier syn driuw nei frijheid de wize dêr’t er de striid mei oan gie? Is it terjochte dat de Fryske kriichshear, frijheidsstrider, kaper en seerôver fereare wurdt as in folksheld?… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Hoe solidêr moatte wy wêze?

logo.ensafh

Wy moatte it meiïnoar dwaan sizze de preekhearen fan it regear. Dêrom giet de PC fan ’t jier net troch. Dan binne der dus dochs noch in pear dy’t begrepen hawwe wat ferantwurdlikheid betsjut.

Foar it oare kin ik daliks net sizze dat de bylden der op wize dat der ek mar it minste besef is fan wat dat meiïnoar dwaan ynhâlde moat. Sa wie der bygelyks in foto fan in dakterras yn Brussel mei in tal oanwêzigen dy’t sa dúdlik as wat en op Wikipedia wol nei te gean yn de fierste fierte gjin famylje faninoar binne mar dochs sawat byinoar op skurte sitte.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Oebele en Oege

logo.ensafh

It is hjoed sneon. As alles gewoan west hie, hiene de frou en ik yn de rin fan de moarn yn de auto stapt. Dat dogge wy de lêste 26 jier altyd op de sneon as de skûtsjes yn Starum sile. In kear as wat wie der te folle wyn, ik wit net krekt hoe faak it yn dy jierren net trochgie, mar dizze sneon stiet altyd yn ús aginda. Dit jier is alles oars, woansdei sei kollega Eelke ek al dat er it smoar yn hat.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder