Sophocles: Archetypal Master of Greek Tragedy

logo.ensafh

Sophocles was a playwright who lived in Greece during the 5 th century BC. He is one of the three Greek writers of tragedy (the other two being Aeschylus and Euripides) whose works have survived till this day. According to the Suda, a 10 th century Byzantine encyclopaedia and dictionary of the ancient Mediterranean world, Sophocles wrote a total of 123 plays. Sophocles was an extremely popular playwright during his day, with twenty of his works winning first place in the dramatic competition of his city, Athens. Of Sophocles’ 123 plays, only seven are known to have survived intact: Ajax, Antigone, Women of Trachis , Oedipus Rex , Electra, Philoctetes, and Oedipus at Colonus .… Lês fierder

Kollum Hilda Talsma: Nuânses

logo.ensafh

Nei oanlieding fan de kollum fan ferline wike ha ik in moai petear mei in aardige boer hân. Hy brocht hjir en dêr wat nuânses oan yn de iensidige ideeën en berjochtjouwing omtrint de boeren hjoed-de-dei. Bygelyks oer it raaigers dat soarget foar in ientoanich lânskip en minder greidefûgels. Mar is it wol earlik om dêr de boeren de skuld fan te jaan?

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Minder winners Rely Jorritsmapriis

logo.ensafh

De sjuery fan de Rely Jorritsmapriis hat trije prizen útdield. Dat binne der minder as de ôfrûne pear jier, doe wiene it der hieltyd fiif. Wat seit dat?

Der binne meiïnoar 56 gedichten en 32 ferhalen ynstjoerd., 88 yn totaal. De sjuery mei fiif prizen per kategory útrikje, meiïnoar tsien dus. De lêste pear jier wiene dat der fiif yn totaal, no dus mar trije: Elmar Kuiper en Sjoerd Bottema mei in ferhaal, Syds Wiersma mei in gedicht. Kuiper wie ferline jier ek ien fan de winners.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Byld Fedde Schurer op nij plak

logo.ensafh

Op It Hearrenfean is foar it byld fan Fedde Schurer in nij plak fûn. Der wie gauris krityk op it plak dat it dêr de lêste tiid hie. Sneon 25 july om 11.00 oere sil it ûntbleate wurde oan de Tsjerkestjitte.

It byld waard yn 1974 yn in gersstripe oan it Van Harenspad set. It stie mei it gesicht nei de Heidebuorren, it plak dêr’t Schurer wurke by de Heerenveense Koerier. Doe’t yn 1988 it Gemeenteplein oanlein waard is it by de Wettertoer set. Troch de terrassen dy’t dêr kamen, kaam it byld net mear ta syn rjocht. Dêrom dat it, op inisjatyf fan freonen en de widdo fan de makker, Guus Hellegers, no yn de gersstripe oan de Tsjerkestjitte in plak kriget.… Lês fierder

Teleks: Rigel fan Rink

logo.ensafh

Fan 1 augustus oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde silger. De 50 dichters sitte dêr lykwols net tagelyk, mar alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Alles hat in skoft stillein fanwegen de koroanakrisis, dat no wol it kollektyf inoar wer opsykje. Gjin better plak dêrfoar as it Arkje en gjin bettere aktiviteit as mei-inoar wurkje oan in gedicht.

Yn augustus is Cornelis van der Wal de saneamde Dichter fan de moanne. Hy sil it spit derôf bite troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke op saterdei mei fierder giet.… Lês fierder