Teleks: Undersikers ûntdekke nije midiuwske tekst yn Richthofen-kolleksje

logo.ensafh

De ûndersikers fan Pastei ha direkt sukses op de earste dei fan it ûndersyk nei de Richthofen-kolleksje. Dat is in samling fan de seldsume teksten út de midsiuwen, topstikken út de Fryske skiednis. Freed is it ûndersyk úteinset en de ûndersikers ha in nij stik tekst fûn yn twa siden dy’t oan elkoar lime wiene.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Wittenskippers Fryske taal ‘As we ús fakgebiet rêde wolle, moat der no aksje komme’

logo.ensafh

De kennisynfrastruktuer fan de Fryske taal is nuodlik. It tal ûndersyksplakken en -ynstellingen dêr’t de Fryske taal- en letterkunde yn Nederlân bestudearre wurde kin, nimt hieltyd fierder ôf. Foar jonge ûndersikers is de oantreklikens fan in baan yn de frisistyk dan ek sterk fermindere. En just sy moatte it fak rêde, seit heechlearaar Goffe Jensma.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: Kurrikulum.frl ‘reekgerdyn foar etnisearring fan it Frysk ûnderwiis’

logo.ensafh

Earne yn ’e wrâld leit in provinsje, dy hjit ‘Fryslân, en yn dy provinsje prate de measte minsken Frysk en dêrneist ek Nederlânsk. Earne yn dy provinsje leit it doarp Drachten en earne yn Drachten stiet it gebou fan ‘meertaligheidscentrum’ Cedin, en earne yn dat gebou wurdt op ’t heden wurke oan in moaie en lukrative opdracht fan dy provinsje: fernij it ‘learplan’ foar ûnderwiis yn de Fryske taal.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Oersetting E.E. Cummings, ‘earne dêr’t ik nea omreizge haw,blierkjend foarby’

logo.ensafh

 

 

earne dêr’t ik nea omreizge haw,blierkjend foarby
elk wjerfarren,hawwe dyn eagen harren stilte:
dyn fragylst gebeart sitte dingen yn dy’t my omslute
of sa tichteby binne dat ik se net oanreitsje kin

dyn minymste blik ûntslút my mei gemak
al haw ik mysels as fingers sletten,do iepenest
my hieltyd blomblêd foar blomblêd as Maitiid
(mei handich,heimich oanreitsjen)har earste roas

Lês fierder by oersetter Klaas van der HoekLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Foarútsjen

logo.ensafh

Doe’t wy in pear jier lyn op fakânsje wiene yn Suriname, wie dat oan ‘e iene kant in prachtige ûnderfining mar oan ‘e oare kant ek hiel konfrontearjend. It ferline is op in hiele soad plakken noch sa goed te fielen en dêr ha ik my gauris foar skamme. Nei myn witten ha ik gjin plantaazje-eigeners yn ‘e famylje hân, mar it feit dat ‘wy’ dêr sa hûsholden ha, is gewoan djip tryst.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder