Blog Sigrid Kingma: Lêze, lêze, lêze!

logo.ensafh

Poppen hâlde fan boekjes. Hast allegear fine se it geweldich om foarlêzen te wurden. No’t de bibleteek wer iepen is, kinne we einlings dy matige Dikkie Dik ruilje foar wat nije lektuer. Boekjes binne in grut súkses. Se krijt no ek foarkar foar bepaalde boeken en wol faak meardere achter inoar lêze. Hoe sil dat oer in pear jier gean as se sels lêze kin? Der is al jierren in ûntlêzing oan de gong en der wurde folop pogingen ta lêsbefoardering dien op skoallen. Wêr yn de ûntwikkeling giet it mis dat bern neat mear oan boeken fine?

Lês fierder by Sigrid KIngmaLês fierder

Kollum Aant Mulder: Glokalisearfriezen

logo.ensafh

It is moai dat we in Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert ha. It is moai dat dêr heechleararen wurkje dy’t neitinke oer Ljouwert, Fryslân en hoe’t it fierder moat, benammen no nei de koroanakrisis. Casper van den Berg, heechlearaar bestjoerskunde, is sa’n man. Hy hat in dúdlik eigen ferhaal oer de takomst fan Fryslân. Wa’t dat ferhaal net lêzen hat, kin it opinystik op bledside 19 yn ’e LC fan 25 maaie fine. De titel liicht der net om: ‘Glokaliseerfriezen zijn wij allemaal’. Op de earste bledside iepenet de LC mei in redaksjoneel artikel oer datselde opinystik: ‘Friesland na de crisis: “Met eigen kracht naar buiten”.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXX

logo.ensafh

It skrikbyld fan Fryslân as ien grut Landal GreenParks dêr’t it algeduerigen Sneekweek is, wie om 1900 hinne noch fier fuort. Mar ek doe waard der yn Fryslân al goed fertsjinne oan rekreaasje en toerisme, benammen op de Waadeilannen en yn pittoreske Suderseestedsjes as Harns, Makkum en Hylpen. Dy ûntjoegen harren ta beskieden baaiplakken mei badpaviljoens en toeriste-akkommodaasjes.

Lês fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Teleks : Simmerskema ensafh.nl 2020

logo.ensafh

Bêste lêzer,

yn Juny, July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde. It earstfolgjende reguliere artikel ferskynt op 03-06-20.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafhLês fierder

Besprek ‘Pykje fjouwer’ fan Lida Dykstra

logo.ensafh

Pykje Fjouwer. In berneboek foar jong en âld. In boek mei in ferhaal, in boek mei ynfo oer de greidefûgel de skries, moaie plaatsjes en in boek mei in liet.

Net allinne ús Brecht (6) is entûsjast. Sels bedarre ik wer efkes yn myn bernetiid. Ik seach master wer foar de klasse stean en út folle boarst sjonge: “Wat bist do leaflik; rizende simmermoarn! ’t Opgeande sintsje laket my oan. ’t Hoantsje kraai: kûkelû! ’t Doke ropt: roekoekoe! Ik wol ek sjonge fleurich fan toan”. De hiele klasse die mei.

Lês fierder by Henny van der Graaf op Heit & MemLês fierder

Invasion of Britain by Brothers Hengist and Horsa: Truth or Legend?

logo.ensafh

Hengist and Horsa were a pair of brothers mentioned in British history. According to legend, they were the leaders of the first Germanic settlers (or Anglo-Saxons) of Britain. They are believed to have lived during the 5 th century AD.

The story of Hengist and Horsa is found in various literary sources that were written by the English long after their legendary arrival on the island. In these sources, Hengist and Horsa are presented as seizing the land from the native Britons by force. Consequently, scholars have traditionally held the view that there was a mass invasion of Britain by the Anglo-Saxons, during which the natives were displaced by the newcomers.… Lês fierder