Teleks: Falbile Tige Koarte Ferhalen Ferlinge

logo.ensafh

F ALBILE TIGE KOARTE FERHALEN FOAR DE LANGE KOARTPROAZAJÛN IS MEI IN MOANNE FERLINGE FANWEGEN KOROANA

Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt.

De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten net alles, dat thús sitte en skriuwe is de bêste wize om de tiid om te krijen.

De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.… Lês fierder

Teleks: Priuwke fan Fryske literatuer troch in rôze bril (3)

logo.ensafh

It tredde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fragmint fan de Janneke Spoelstra.. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Kollum Aant Mulder: Falske freonen

logo.ensafh

Fan ’e wike waard ik konfrontearre mei it begryp falske freonen. Sokke ‘freonen’ komme tusken talen foar. It giet nammers om wurdsjes dy’t yn dy twa talen eins hielendal gelyk binne as it om skriuwwize en útspraak giet, mar dy’t tagelyk yn dy beide talen foar in part ferskillende betsjuttingen ha. As men dan it wurdsje út de iene taal yn de oare taal brûkt sûnder om dat betsjuttingsferskil te tinken of gewoan om’t men dat net wit, dan kin der maklik betizing ûntstean.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Jan Noordegraaf oer J.H. Halbertsma

logo.ensafh

Het werk van Joost Hiddes Halbertsma blijft een geliefd onderwerp van studie. Zeker nu eerder dit jaar een deel van diens Lexicon Frisicum alvast online beschikbaar werd gesteld, met een vertaling van de Latijnse passages in het Fries, het Nederlands en het Engels, is zijn werk toegankelijker dan ooit.

Jan Noordegraaf schrijft in Trefwoord, het digitale tijdschrift voor de lexicografie, een bijdrage over Halbertsma’s ideeën over taal en zijn plaats binnen de taalwetenschap met als titel ‘J.H. Halbertsma over taal en geest’.

Boarne: NeerlandistiekLês fierder

Blog Abe de Vries: Oer Fryske literatuer, keatsen en stjerrekunde

logo.ensafh

an Pieter Janzen (1945-2005) kaam út Easterbierrum. Ik ha him noch krekt in pear jier meimakke as de redakteur fan Trotwaer yn de tiid dat it blêd opnaam waard yn de Moanne; ûnder syn bewâld mocht ik begjin 2002 debutearje as dichter.

Sjoerd Janzen (1955-2006) kaam ek út Easterbierrum en wie in neef fan Jan Pieter. Sjoerd koe ik earst as earsteklas-keatser; letter ûntjoech er him as byldzjend keunstner. Yn 2011 wie der in prachtige tentoanstelling fan syn wurk yn de âlderlike pleats oan de Konkelswei yn syn bertedoarp.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder