Teleks: Nije bydrage Fryske literatuer troch in rôze bril

logo.ensafh

It twadde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fers fan de jonge dichter Joël Hut (1995) yn de bondel. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Sûnder eigen taal is in folk ferlern

logo.ensafh

Lit de folgjende sin goed ta jim trochkringe: ‘Niet alleen het symbolische dialect laat je wanen in een totaal andere omgeving, ook de rivieren, beekjes, singels, plassen.’ It is in sin út in oanrikkemandaasje fan Fletcher Hotels. Dy oanbefelling giet oer Fryslân en it ‘symbolische dialect’ slacht op it Frysk. It is te hoopjen dat de hotels fan Fletcher kwalitatyf better binne as de brike, healbakken, krûme en knoffelige teksten dy’t se op de minskheid ôffjurje. Dy litte my nammentlik sa bot ‘wane’ dat ik der spontaan fan yn ‘e skiterij reitsje.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Aant Mulder: Fryslân, lân fan dichters

logo.ensafh

Der komme yn Fryslân mear dichtbondels as romans út. Dy stelling doar ik wol oan. Dat we in protte dichters ha foel al earder op. Yn it boekje Salang’t de beam bloeit lês ik op bledside 117: ‘Tusken 2000 en 2010 debutearren tritich dichters.’ It die bliken dat dy dichters yn dy perioade faker bondels publisearren, dus aardich produktyf wiene. Dat wie doe sa en ik leau dat dat noch hieltyd sa is. Fan ’t jier binne der yn alle gefallen al wer twa dichtbondels ferskynd: Piter Boersma Under Hildegards tsjoen en Anne Feddema Lippebiter fan L. Foar ferline jier kom ik op sa’n sân bondels as ik sammele fersen, blomlêzingen, oersettingen en ‘yn eigen behear’ net meitel.… Lês fierder