Blog Sigrid Kingma: Túnplannen

logo.ensafh

De hiele winter sit ik al te prakkesearen wat ik mei de tún oan sil. Net myn eigen tún, mar it stikje gemeentegrûn foar ús blok. Hjir yn Lewenborg ha minsken de gewoante om sels de gemeentegrûn yn te rjochtsjen en te ûnderhâlden. Dat is krekt wat foar my. No’t alle plende dichtersaktiviteiten opskood binne nei it post-Coronatiidperk, ha ik echt ris goed tiid foar putsjes yn en om it hûs.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Ypie Bakker: Maitiidskuier

logo.ensafh

Ik kuierje op de slachte mei hûn Puk. Op in b(r)oer nei, dy’t oan it strontriden is, is’ t hearlik rêstich. Der sjitte twa hazzen foar my lâns de wâl yn, se springe mei in grutte bôge de sleat oer, as wie it neat. In skries fljocht op eachhichte foarby, fierderop dûkelt in ljip panikerich wite-wyt roppend oer de greide. Troch skries- en ljippelûden, de rook fan rûge dong, bin ik samar wer werom. Werom op de pleats oan ‘e Slachte. Doe’t de Slachte noch ús Slachte wie.

Lês fierder by Ypie BakkerLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Bestelbuskes en boeren

logo.ensafh

As je moarns wekker wurde, sit de krante yn de bus. Hulde foar de makkers en besoargers. Flak foar sân oere is it even drok op de dyk foar ús hûs, de minsken geane nei harren wurk. De benzinepomp hjir in pear 100 meter fierderop is dan ek al iepen. Even letter docht de bakkerij de doarren los sa dat de klanten farske bôle keapje kinne, dy’t de ôfrûne nacht ek wer gewoan bakt is.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Aggie van der Meer (92): ‘Hat ien in ljurkje heard?’

logo.ensafh

Schrijfster Aggie van der Meer (92) bericht dagelijks over de coronacrisis vanuit het Bolswarder woonzorgcentrum It Menniste Skil. Vandaag: ,,Hat ien in ljurkje heard?’’

Meneer Bijlsma houdt de fleur er in. ,,Ja, ik mei graach sjonge. Yn ’e lift komt it fansels it moaiste ta syn rocht. Ik gean deis hiel wat kearen op en del. Fergees.’’

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Diskusje op Facebook oer ‘Ferkâlden’ fan de Dichter fan Fryslân (oanfold)

logo.ensafh

Josse de Haan meldet op Facebook:

‘Tsead Bruinja sette in tekst fan Nyk de Vries op facebook – Bruinja neamde dy tekst poëzy. Ik sette der in fraachteken by, Abe de Vries ek. De diskusje dy’t ûntstie tusken us trijen hat Bruinja no fan Facebook helle. Sinsuer?
Myn lêste bydrage wie:
‘Myn 3 houten tulpen achter yn myn auto – oait oan de gevel op ‘e hoeke Lijnbaansgrêft / Leliestrjitte yn Asd op 1-heech – hawwe likefolle mei echte tulpen te krijen as dizze tekst fan NdV mei poëzy. Myn tulpen neam ik superkitsch en dêrom oantreklik. De tekst fan NdV is de gedachte fan in jonkje oer Corona.… Lês fierder