Kollum Aant Mulder: ‘It Nijs’ hat it nuver sitte litten

logo.ensafh

It Nijs hat it nuver sitte litten. Dat betocht ik doe’t ik yn de Ljouwerter krante lies, dat we yn Nederlân foar ‘boomer’ keazen ha as moaiste wurd fan it jier. Dat is in nuvere kar. It is hielendal in nuvere kar as we witte dat Van Dale as gearstaller fan it Groot Woordenboek der Nederlandse Taal de wurden útsiket dêr’t op stimd wurde kin. Dat dogge se sûnt 2007. Ik fyn it in nuvere kar om’t it in Ingelsk wurd is, dêr’t Van Dale mei komt. It wurd bestie al langer. Tink mar oan babyboomer. Dat binne de bern dy’t daliks nei de Twadde Wrâldoarloch berne binne.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Iepen brief oan hoofdredactie@lc.nl

logo.ensafh

(it is dêr mei âlde kranten tichtplakt)

Achte Sander,

Op jo fraach: Weet u wat ‘fernimstich’ betekent? Of ‘tsjoender’?

Wit Sander wat ´fernimstich´ ek betsjut? ´Waanwiis´, ´op oaren delsjend´ en ´jin hiel wat ferbyldzjend´. It eigenskipswurd wurdt gauris brûkt foar ynkommelingen yn Fryslân dy´t har net oanpasse wolle. En ´tsjoender´ wurdt ek wol brûkt foar `ien dy´t omstipt en neat docht´, ´immen dy´t neat te ferstriken hat, dy´t wat sit te kloatdrûgjen of te neilbrieden´, ´ien dy´t oan ´e loaie line lûkt of op it mesthok leit´ en foar ´immen dy´t oars neat yn te bringen hat as lege briefkes´.

Verder: een korte toelichting op hoe deze krant [de Ljouwerter, jsl] omgaat met de Friese taal.… Lês fierder

Teleks: Harkspul De sulveren rinkelbel

logo.ensafh

De studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL/Stenden Hegeskoalle hawwe har de ôfrûne tiid ferdjippe yn Waling Dykstra en syn wurk. Sa hawwe sy de útstalling yn Obe besjoen en dêrnei te set west mei De sulveren rinkelbel. Dat boek fan Dykstra út 1856 hat as ynspiraasje tsjinne foar in harkspul, dêr’t Waling-om ta libben brocht wurdt. In part út De sulveren rinkelbel wurdt sadwaande op in nije wize ferteld. Yn it digitale dossier oer Waling Dykstra is it filmke te finen by ‘Harkspul De sulveren rinkelbel’.

Lês, sjoch en harkje fierder by Sirkwy

Opmerking redaksje: it harkspul De sulveren rinkelbel is earder al, op 18-12-2019, op it Youtubekanaal fan ensafh publisearre.Lês fierder