Teleks: Noch trije kânshawwers foar Piter Jellespriis foar de Letteren

logo.ensafh

Der binne noch trije kandidaten oer dy’t dit jier kâns meitsje op de literêre Piter Jellespriis. It giet om dichteres Elske Kampen, it poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus. De priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt oan in persoan of projekt dy’t in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: In dream: in ynternasjonaal literatuerfestival yn Frjentsjer en Harns

logo.ensafh

Fisy op de takomst wurdt frege. Fiersichten, iepen finsters, dreamerij, perspektyf. Wat ik foar my sjuch, is in twajierliks literatuerfestival yn Fryslân, twa, trije dagen yn de âlde universiteitsstêd Frjentsjer en de moaiste havenstêd fan Nederlân: Harns.

In literatuerfestival dat plak jout oan skriuwers, dichters, lêzers, útjouwers, boeken út Fryslân en de wrâld. Mei keunstners út Fryslân, Nederlân en de minderheidstalen yn Europa. Grutte en lytse literatueren dy’t mei inoar kennismeitsje en faninoar leare. Wat soe dat net in opstekker, in bliuwende stimulâns wêze kinne – net inkeld foar it Frysk en de Fryske kultuer, mar foar lêzers, leafhawwers, tinkers. Foar de keunst yn dizze keale, neakene úthoeke.… Lês fierder

Petear mei Martsje de Jong, de oersetter fan ‘Karlsson fan it dak’

logo.ensafh

Martsje de Jong hat út it Sweedsk wei it boek Lillebror och Karlsson på taket oersetten nei it Frysk: Karlsson fan it dak. Lykas de haadfigueren Pipi Langkous, Emiel en de Bruorren Liuwehert, blaasde de skriuwster Astrid Lindgren, Karlsson it libben yn. Tryater makke dêr in famyljefoarstelling by, dy’t fan 15 oant 30 desimber yn teater De Harmonie yn Ljouwert te sjen is.

Lês fierder by Heit & MemLês fierder