Klaas Rusticus

Hoe’t Nederlân út Europa ferdwûn

logo.ensafh

Vladík Shibanov (*21-12-1990 –☨20-10-2009) ta oantinken

Ryksregint en brykholle Langneck, hy dy’t út namme fan it Keninkryk hearske oer rjocht en gerjochtichheid, line ûntspannen efteroer.
‘Pi, pa, poa’, sa spriek er, wylst er syn steatssiktaris foldien oanseach, ‘sa giet dat al in lyts bytsje oars as doedestiids. Hjirmei litte wy Akela Sousafoan mei de altfioele al eefkes in oar fleuchje wimperje. Lês it nochris foar, sûch, ast wolst.’
Steatssiktaris Rosier Petticoat krige it papier fan de grûn op en lies: ‘… stelle hjirby út: dy persoanen te bestraffen mei in frijheidsstraf fan op ’en heechsten trije jier, subs. in jildboete fan op ’en heechsten € 150.000, subs.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: ‘Broek mei bûsen’ is plagiaat

logo.ensafh

Der wie lykwols ien boek by dat ik mei argewaasje lêzen ha. Dat is de bondel Broek mei bûsen. It titelgedicht is plagiaat. ‘Goejûn, goemoarn, broek mei bûsen ha ik oan.’ Dat liket safolle op Tutte mei de linten dat it net mear in eigen gedicht te neamen is. As it satire wie, of as it yn alle gefallen in moai slagge gedicht wie, dan wie der noch wat foar te sizzen, mar it is in slop ôftreksel fan it orzjineel. Ik freegje my ôf oft de famylje fan Diet Huber op de hichte steld is.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Hanneke de Jong: Nije Sweltsjes fleane út!

logo.ensafh

Der soe in nije rige Sweltsjes ferskine en ik mocht ek wer ien ôfleverje. De deadline wie 1 april en dat wie gjin mop. It waard noch minder in mop doe’t 1 april tichterby kaam en yn myn holle gjin inkeld idee opkaam. In holle dy’t krekt altyd fol ideeën siet! De reden wie my wol bekend: ik hie ein jannewaris wer in nije heup krigen en it revalidearjen en opknappen frege alle tiid en enerzjy. En sa te fernimmen ek myn gedachten. Dêr hat in útjouwer lykwols neat oan en ik ek net, dus moast ik der wat op betinke.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Us Heit en gjin hert

logo.ensafh

Us Heit, dat is it stânbyld fan steedhâlder Willem Loadewyk op it Hofplein yn Ljouwert. Dat witte we eins allegearre wol. Willem Loadewyk hat as legeroanfierder en steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte foar it noarden de goede dingen dien. Hy hie hert foar de saak. Dat fertsjinne al in stânbyld. Dat dat stânbyld der kaam hie lykwols alles te krijen mei it feit dat yn 1795 syn grêftombe en dy fan syn frou skandalich fernield waarden. De omskotten, wat der fan oer wie, waard mei omsoald. Men kin it jin eins net foarstelle, mar dat gie doe fan herten. Letter ha de Ljouwerters dêre hertsear fan krige en it wie dêrom in hertewinsk om dat foar in grut part troch in stânbyld goed te meitsjen.… Lês fierder

Aginda 11-12-19: Obe Postma-jûn yn Perdu, Amsterdam

logo.ensafh

Goethe maakte een reis naar Italië en Rilke naar Rusland,
En als een ander mens kwamen zij terug.
Ik ben op mijn oude dag naar Harlingen geweest

Vijf sprekers over het werk van de grote Friese dichter Obe Postma (1868 – 1963): Jan Kuijper, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema, Klaske Oenema en Marjoleine de Vos, presentatie Martin Reints.

Obe Postma werd als boerenzoon in Cornwerd geboren, een dorpje waarvan je de kerktoren ziet als je over de Afsluitdijk naar Friesland rijdt. Hij publiceerde vanaf 1900 gedichten. In de Friese poëzie hebben die gedichten grote invloed gehad. In 1947 werd hem als eerste de prestigieuze Gysbert Japicxprijs toegekend.… Lês fierder