Op 24 oktober lêstlyn wie it gesellich fol yn De Basuin yn Ljouwert. Mei’t de Deenske dichter Carsten René Nielsen seis wiken yn Grins ferbliuwt om nij wurk te skriuwen en ûnder oaren Nyk de Vries oer te setten, hie RIXT him útnûge foar in optreden. Trochdat Nielsen in proazadichter pur sang is, waard de jûn om dat sjenre hinne boud. Om dy reden wie proazadichter fan eigen boaiem Nyk de Vries ek oanwêzich.
De wikseljende gelegenheidsformaasje Reade Runen – besteande út Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar – dy’t in bân mei Denemarken hat, om’t hja dêr yn maart fan dit jier wienen en no in Frysk-Deenske bondel gearstalle en oersette, trede ek op.… Lês fierder
