Yn in grutte kring sitte se te sintsjen op it plein. Mei grutte huodden op, sa dat de lytse rimpele kopkes ferdwine en ûnsichtber wurde.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
Yn in grutte kring sitte se te sintsjen op it plein. Mei grutte huodden op, sa dat de lytse rimpele kopkes ferdwine en ûnsichtber wurde.
Lês fierder by Tiden hawwe tiden… Lês fierder
By it oarlochsgeweld yn Syrië binne in heal miljoen minsken dearekke. Troch it ferneatigjen fan erfgoed is ek de kulturele identiteit fan in folk ferplettere. Dat wie de ynlieding fan it programma De kennis van nu.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Op 14 septimber waard mei in literêr en muzikaal program feestlik betocht dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) sechstich jier lyn oprjochte is. Hoewol’t it FLMD begjin dizze iuw ien fan de partijen wie dy’t mei-inoar Tresoar foarmen, is der noch altiten in stifting dy’t projekten foar de Fryske literatuer stipet.
Lês en sjoch fierder by Sirkwy… Lês fierder
Op 23 septimber hawwe de Keninklike Biblioteek (KB) en Tresoar in yntinsjeferklearring tekene om harren mienskiplike ynspanning foar it digitalisearjen fan it skreaune en printe Frysktalige kultureel erfguod te yntinsivearjen. Fan 2014 oant 2018 wurken de KB en Tresoar al mei-inoar oan it digitalisearjen fan Frysktalige literatuer yn it programma Lân fan Taal. Dat wurdt no útwreide nei it Nedersaksysk – sûnt 2018 troch de Ryksoerheid erkent as “folweardich en selsstannich ûnderdiel fan de taalsystematyk yn Nederlân”.
Lês fierder by Tresoar… Lês fierder
Taalkundedei 2019
It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tsiende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde.
Yn de lêzingen wurdt oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen kinne holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.
Sjoch foar mear ynformaasje en it programma by de Fryske Akademy… Lês fierder
It boek Salang’t de beam bloeit fan Joke Corporaal kriget yn Noard-Fryslân in mingde ûntfangst.
…
”Hy freget him ôf oft it ûnwittendheid of arrogânsje is dat “de grutte Westerlauwersk Fryske kultuerorganisaasje Tresoar in boek foar Dútslân útjout en dan it Frysk yn Dútslân gewoan ferjit”.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
En nee, it is diskear net Ernst Bruinsma, mar Friduwih Riemersma fan útjouwerij Grotesk (what’s in a name).
Lês fierder by Cornelis van der Wal… Lês fierder