De dringende behoefte om het vooral gezellig te houden maakt het beroep van criticus suspecter dan ooit. ‘Is het niet allemaal een kwestie van smaak?’
Lês fierder by Marja Pruis op de Groene… Lês fierder
De dringende behoefte om het vooral gezellig te houden maakt het beroep van criticus suspecter dan ooit. ‘Is het niet allemaal een kwestie van smaak?’
Lês fierder by Marja Pruis op de Groene… Lês fierder
Utnûging sympoasium Geert Aeilco Wumkes
Graach noeget Tresoar jo út foar in sympoasium ta eare fan Geert Aeilco Wumkes (4 septimber 1869 – 7 maaie 1954). Wy steane stil by de 150e bertedei en de 65e stjerdei fan in man dy’t yn de earste helte fan de 20e iuw ien fan de dragers wie fan Fryske taal en kultuer. In fassinearjend man dy’t allegearre funksjes en aktiviteiten op syn namme skreau en ek no noch in boarne fan ynspiraasje foar ús is. Fan 1924-1949 wie er bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, ien fan de foargongers fan Tresoar.
Yn trije lêzingen geane de folgjende sprekkers yn op dizze alsidige bodder:
Jelle Krol, ‘Wat beweegde Wumkes: Tusken Friezendom en Kristendom’
Bert Looper, ‘Hie Wumkes hier?… Lês fierder
Utstalling en lêzing oer it byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest
Reinder R. van der Leest is benammen bekend as skriuwer en dichter, mar hy hat ek syn libben lang tekene en skildere. Yn de útstalling ‘Reizen om utens’ wurdt benammen syn byldzjend wurk beljochte. De eksposysje is fan 30 augustus oant en mei 27 oktober 2019 by Tresoar te sjen.
Reinder Rienk van der Leest (Drachten, 1933) folge de kweekskoalle, mar wie it leafst nei de keunstakademy gien. Oant syn pensjoen ta wie er skoalmaster en dêrneist wie er freelance grafysk ûntwerper. Yn syn wurk eksperimintearret er mei foarm en sljochtet er grinzen tusken literatuer, keunst en muzyk.… Lês fierder
De strafkommisje hat sprutsen. Twa wedstriden – om krekt te gean dy fan no sneon en no snein te Bitgum – skorsing foar Johannes en Dylan. Dat kin. In rjochter hat no ienkear altyd gelyk.
Lês fierder by Daam… Lês fierder
Breng jezelf in één keer op de hoogte van het belangrijkste, interessantste en leukste literaire nieuws.
Lês fierder by Schrijven Online… Lês fierder
It is heech wetter. Allinne it klotsen fan de lytse weagen tsjin it basalt fan de seedyk is te
hearren. Boppe op ’e dyk stiet in man. Mei syn grut postuer en mânsk burd is ’t krekt in reus.Yn it tsjuster stekt syn swart sylhûet ôf tsjin in walmjende, blaugriene gloede dy’t yn noardlike rjochting te sjen is. Hy makket mei syn hannen in machteleas gebeart en rint stadich nei ûnderen, nei it wetter ta. De tekken fan blaugrien ljocht liket op dat stuit justjes fûler te baarnen. Tsjin alle ferwachtings yn is ’t gjin ho by de râne. De reus rint troch!… Lês fierder
Ik wit net wêr´t it byld krekt weikomt – oft it katelyk is of kalvinistysk, bedoel ik, of allebeide – dat byld fan in persoan mei in ingeltsje op it iene en in duveltsje op it oare skouder. Wêr´t it neffens my op delkomt, is dat it duveltsje it reptilebrein oanblaast – it op oerlibjen rjuchte ynstinkt fan “ikke, ikke, ikke en de rest kin om my stikke!” – en it ingeltsje it minsklike brein fertsjintwurdiget, de neokorteks. It ingeltsje treastget oan ta ridlikens: “Ja, ik begryp dyn earste reaksje wol, hear, mar… moat dat no sa? Wy binne op ´e wrâld en help inoar ommers.… Lês fierder