Kollum Aant Mulder: It nije bestjoersakkoart fan de Provinsje

logo.ensafh

It hat efkes duorre mar no ha we dan sûnt in goed moanne in nij bestjoersakkoart en in nij provinsjaal bestjoer. Dat nije bestjoersakkoart ha se lang oer dien en it fernuveret my dan ek net dat it in hiel ferhaal wurden is. It binne sa’n 68 bledsiden. Ik sykje fansels daliks om wat se oer ús taal ôfpraat ha. Dêr wurd ik yn earste ynstânsje net bliid fan. It dokumint hat tsien haadstikken en ús taal komt net earder as yn haadstik 8 oan ’e oarder. Ik hie wollen dat se dêrmei begûn wiene. Hawar, haadstik 8 dus! Dat is noch net alles.… Lês fierder

Teleks: Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

logo.ensafh

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea.

De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útriktyn it doarpshûs te Weidum.… Lês fierder

Teleks: Jubileum 60 jier FLMD

logo.ensafh

Op 10 septimber oansteande is it 60 jier lyn dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. Yn 2002 is it FLMD opgien yn Tresoar, mar it beheart noch altyd in pear fûnsen om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe foar de Fryske literatuer, lykas oarspronklik Frysktalich wurk, de Skriuwersarke en in tal prizen. Op sneontemiddei 14 septimber sil dat jubileum mei in feestlik programma yn Tresoar fierd wurde. Mear ynformaasje folget.

Boarne: SirkwyLês fierder

Blog Geart Tigchelaar: Through the streets of Albania

logo.ensafh

After we left the busy touristic coastline of Montenegro and crossed the Albanian border, we had the idea of cycling through the heart of the Balkan. For us it was a completely different world. We could see a variety of people along the road, most of them (including cyclists like us) would have been shooed off by the police if we were in the Netherlands: children cycling next to the highway, people transporting hay with their donkey, farmers and shepherds walking their cow or sheep to greener pastures, or people cycling slowly uphill on bikes without gears as old Mercedes cars are overtaking, leaving a trail of black smoke from their exhaust pipes.… Lês fierder