Teleks: Frysk Dichterskollektyf RIXT krijt Provinsjale startsubsydzje

logo.ensafh

De Provinsje Fryslân hat dizze wike besletten om it Frysk Dichterskollektyf RIXT in subsydzje fan €18.000 te ferlienen. It dichterkollektyf hie by de Provinsje in startsubsydzje foar twa jier oanfrege. Yn septimber komme de dichters fan RIXT byinoar om in bestjoer fan de stifting RIXT te beneamen en de wichtichste aktiviteiten en aksjes foar de kommende twa jier fêst te stellen.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Blog Geart Tigchelaar: Domovina Hrvatska

logo.ensafh

Rijeka wie ús earste doel yn Kroäsië, mei’t in freon ús útnûge hie del te kommen. Hy is sels ek in fytser, al hat er syn fyts al twa jier by syn âlden te stean, om’t Rijeka ‘fierstente folle heuvels’ hat. Neat is minder wier! It meastepart fan ’e stêd leit op in steile heuvel, dat wannear’t men alle kearen by dy hufter opfytse moat, hat men dêr gau tabak fan. Bûtendat hat er no ek net de moaiste fytsbelibbing hân, om’t er in grouwe boete krigen hie foar it ‘feroarsaakjen fan in ferkearsûngemak’ doe’t er in kear fan ’e fyts fallen wie.… Lês fierder

Mainzer Beobachter: Radbod (1) en (2)

logo.ensafh

Radbod (1)

Ik heb al eerder geblogd over de laat-zevende-, vroeg-achtste-eeuwse heerser die door Frankische monniken Radbodus wordt genoemd en door de Britse geleerde Beda de Eerbiedwaardige Rathbedus. Dat moeten weergaven zijn van een naam die leek op het Oud-Friese Rêdbêd of het Oudengelse Ræthbed. In latere sagen heet de man Radboud of Radbold, terwijl de vorm Redbad een nog latere vorming is in het Fries. U weet dat er een hopeloos slechte speelfilm is met die naam; ik blogde al eens over het gelijknamige boek van Sven Meeder en Erik Goosmann, dat even uitmuntend is als de film slecht.

Lês fierder by Jona Lendering

Radbod (2)

heb vorig jaar de hele film Redbad uitgezeten en ik heb daarna het prachtige boek van Meeder en Goosmann met dezelfde titel gelezen.… Lês fierder

Aginda 26-07-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder