Teleks: Twadde Moannegedicht Janneke Spoelstra op RIXT: ‘Fantastic plastic’

logo.ensafh

Janneke Spoelstra har twadde moannegedicht giet oer plestik. In ûnderwerp dat hieltyd aktueler wurdt. Justerjûn 13-02-2019 by Iepen Up Live stie de hiele jûn yn it teken fan Plastic Fantastic. Janneke slute de happening ôf mei har gedicht ‘Fantastic Plastic’. Geart Tigchelaar wie derby en filme it.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Smellingerlân siket nije gemeentedichter

logo.ensafh

De gemeente Smellingerlân siket in nije gemeentedichter. De hjoeddeistige gemeentedichter, Andries de Jong, nimt dizze maitiid ôfskied. Wa’t him opfolget, mei de kommende twa jier by bysûndere gelegenheden gedichten skriuwe en foardrage.
It gemeentehûs fan Smellingerlân – Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de gemeente moat de gemeentedichter in kreatyf persoan wêze dy’t mei syn of har gedichten de ynwenners fan Smellingerlân mei in frisse blik sjen lit nei it deistich libben yn de gemeente. Dizze man as frou hoecht gjin professional te wêze.

De gemeentedichter moat op syn minst fiif gedichten yn it jier skriuwe en foardrage. Der is in fergoeding fan 150 euro it gedicht.… Lês fierder

Blog Lomme Schokker: Bleate Bertus

logo.ensafh

Op it krúspunt Lisse yn moat ik der om hinne ride en dêrom kin ik net om him hinne: it stânbyld dat yn de folksmûle Blote Bertus hjit. It is in brûnzen byld fan in bleate man dy’t him oprjochtet mei de earmen yn in ôfwarrende hâlding boppe de holle. ‘Met steun van de almachtige, 1940-1945’ stiet der skreaun. It byld moat ûnder mear symboal stean foar it nije Nederlân nei de ellinde fan de besettingsjierren. Alle kearen as wy de pakesizzers nei hûs ta bringe, lês ik Bertus syn ynskripsje en freegje ik my ôf wat ik hjir fan tinke moat.… Lês fierder

Federico Garcia Lorca, Oane de Boer

Ut de djipten wei / De Profundis

logo.ensafh

 

Ut de djipten wei

De hûndert ferealen
Dy’t foar altyd sliepe
Under de toarre ierde.
Andalusië mei syn
lange reade diken.
Córdoba, mei griene oliven
Om hûndert krusen te setten,
Ferjit se net.
De hûndert ferealen
Dy’t foar altyd sliepe.

Oersetting Oane de Boer

*

De Profundis

Los cien enamorados
Duermen para siempre
Bajo la tierra seca.
Andalucía tiene
Largos caminos rojos.
Córdoba, olives verdes
Donde poner cien cruces,
Que los recuerden.
Los cien enamorados
Duermen para siempre.… Lês fierder

Teleks: Bert Hadders wint K. ter Laanprijs 2018

logo.ensafh

De K. ter Laanprijs 2018 wordt 5 april uitgereikt aan muzikant Bert Hadders. De prijs bestaat uit 1000 euro en een bronzen beeldje van kunstenares Natasja Bennink.

De prijs wordt sinds 1985 uitgereikt door Stichting ’t Grunneger Bouk aan mensen en instellingen die zich verdienstelijk hebben gemaakt voor de Groninger taal en cultuur.

Lês en sjoch fierder by RTV NoordLês fierder

Teleks: Rekôroantal Fryske berneboeken Simke Kloostermanpriis

logo.ensafh

Rekôroantal Fryske berneboeken

TWIZEL – Yn jierren binne der net safolle boeken yn de beneaming kommen foar de Simke Kloostermanpriis, de trijejierlikse berneboekepriis foar oarspronklik Frysk wurk. Mar leafst 40 boeken steane op de list, rom in tredde mear as de foargeande jierren. Hat de sjuery him by de ôfrûne priisútrikkingen wolris negatyf útsprutsen oer de stân fan saken omtrint de Fryske berneliteratuer, no stiet der foar moannen oan lêsfoer op de planke.
Sytske Eringa, Gerbrich van der Meer en Geart Tigchelaar binne oansteld as sjueryleden, in betûfte sjuery dy’t goed yn de berneliteratuer thús is. Ein 2018 is al úteinset mei it lêzen fan alle boeken om de ûnfoege put op ’e tiid de baas te wêzen.… Lês fierder