Aginda 22-02-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 13 o/m 22-03-19: Willem Schoorstra mei ‘Rosmos’

logo.ensafh
Wêr komt Willem Schoorstra mei Rosmos?Skriuwer fan it Kadoboek 2019 Willem Schoorstra sil mei de iennige echte Jack Bottleneck op ‘en paad troch de provinsje. In programma dat yn it teken stean sil fan ROSMOS, it Kadoboek en De Blues. Rekkenje op smoute ferhalen, brike ynfallen en te gekke muzyk fan dé bluesmuzikant fan de lege lannen: Jack Bottleneck.

Hjir komme Willem en Jack:

13 maart: boekhannel Van der Velde, Snits 20.00

15 maart: boekhannel Burgum, 19.00

21 maart: cafetaria De Jonge, Beetstersweach 19.30

22 maart: kafee It Reade Hynder, Wommels,  20.00

Boarne: Sirkwy

Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Kwakkelwinter sûnder Piet?

logo.ensafh

Kwakkelwinter sûnder Piet? Lit my by it begjin begjinne. It wie op in moarn betiid dat ik bliid wie dat ik yn de auto siet en net op ’e fyts. It wie kâld, net fyntsjes kâld sa’t it yn ’e winter heart, mar earder wetterkâld. De gefoelstemperatuer wie yn alle gefallen aardich ûnder nul. Hawar de kachel oan en ride mar. Ik hie allinne ien probleem, ik moast noch tanke. Dêr wie ’k net rjocht op klaaid. Yn ’e auto koe it wol wat lije, mar bûtendoar net. Dat fernaam ik daliks wol. Dus avesearje, tanke en betelje. Dat die ik.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: De Sade en de Paus

logo.ensafh

‘De hel op bibelpapier’. Dat sei de Frânske pers yn 1990, doe’t it wurk fan Markys De Sade opnommen waard yn de Bibliothèque de la Pléiade, tusken dat fan oare grutte Frânske skriuwers. Elkenien moat op in bepaald momint yn syn of har libben wat fan De Sade lêzen ha. Hat ien ea ris sein. Ik wit net oft ik it dêr mei iens bin.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder