Teleks: De Grutte Gedichtejûn yn it Lytse Kafee mei de Bysûndere Histoarje

logo.ensafh

It smûke kafee Marktzicht, stamkafee fan de populêre deade Fryske skriuwer Rink van der Velde, foarme freed 8 febrewaris it dekôr fan de Grutte Gedichtejûn, organisearre troch it blêd Ensafh.

Tige tapaslike lokaasje, kwa skiednis en sfear, mar wol wat de lytse kant neist. Soene we der wol allegear ynpasse? Ommers, de opset fan de gedichtejûn is om safolle mooglik dichters ien gedicht foardrage te litten en der stiene by einsluten leafst 37 op it programma, neidat der in tal ôfsein hiene. Neffens kroechbaas Ronald koene der maklik fytich minsken yn en boppe wie ek noch in ferdjipping. Yn it lytse gonkje nei de wc’s ta stie in libbensgrutte, kartonnen Emiel Roemer.… Lês fierder

Baukje Zijlstra

In kattelibben

logo.ensafh

Wat is dat dochs mei skriuwers en katten? Hiele boeken binne deroan wijd (Dagboek van een poes fan Remco Campert is de earste dy’t my yn it sin komt), en ik kin my sa in tal ferneamde foto’s foar de geast helje fan skriuwers mei harren kat (Natalia Ginzburg bygelyks, of Hemingway, of Colette). En wa wie it ek al wer dy’t sei: ‘Ik skriuw allinnich mar sa’n soad omdat ik in kat haw, dy’t de hiele tiid op myn skoat sit, sadat ik neat oars dwaan kin’? Eins hawwe katten alles dat nedich is om in roman te skriuwen: yn it foarste plak in ûnfersteurbere rêst, yn it twadde plak de alertens om ta te slaan as de tiid dêr ryp foar is.… Lês fierder

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

logo.ensafh

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearre wer in Grutte Gedichtejûn. Dat op op in stoarmige freedtejûn kamen in lytse fjirtich dichters yn it o sa smûke Marktzicht te Drachten om foar it ynteressearre publyk poëzy foar te dragen. Dichters fan alderhanne statuer, gender, tongfal en poëtika kamen efter de mikrofoan.
Ineke van der Heide presintearre koart har bondel Broek mei bûsen, dy’t earder dy dei ‘offisjeel’ presintearre wie. Hja mocht fan ’e organisaasje justjes langer oan it wurd om sa it boek syn gerak te jaan. Alle dielnimmende dichters mochten in eksimplaar mei nei hûs ta nimme.… Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Friesch Dagblad

logo.ensafh

Yn desimber krige ik fan it Friesch Dagblad de fraach oft ik ek koarte ferhalen skriuwe woe, alle moannen ien. Baukje Zijlstra hold dermei op, dat sadwaande. Ik sei ta dat ik der even serieus oer neitinke soe sûnder troch te freegjen op de fergoeding, ik skriuw net foar it jild. Boppedat wit ik dochs wol dat it yn ’e regel om leafdewurk âld papier giet, ek by it Friesch Dagblad, in byld dat letter befêstige waard.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder