Mynhear Slot, learaar op de ambachtsskoalle op It Hearrenfean warskôge ús der fyftich jier lyn al foar: “Jonges, wy moatte oppasse foar de Sinees. Us regear is deabenaud foar de Rus, mar tink om myn wurden: de Maoïsten, dy sille komme. By miljoenen tagelyk.” Hy liet ús in plaatsje sjen fan in dikke spiersterke Sinees mei in samoeraiswurd. Ik wie eartiids net sa skitende benaud, mar doe’t ik letter nei hûs fytste, miende ik efter eltse ikebeam lâns de Falkenawei al in Sinees te sjen. Heit makke der in grapke oer. “Sit der mar net oer yn, Jan. Se komme de Tsjonger by Mildaam net oer.… Lês fierder