Geart Tigchelaar

Mei de trekker yn ’e bres foar it Frysk

logo.ensafh

Hein Jaap Hilarides is bekend as dichter en muzikant. Dichtsje docht er yn it Biltsk, Frysk en Nederlânsk. Syn proaza skriuwt er almeast yn it Frysk. Sa ek syn nijste roman De trekker fan Troje. Mei it Frysk hat er in breder berik as it Biltsk, sa’t er sels oanjûn hat. En de tematyk fan De trekker lient him dêr ek folle better foar. In oare reden dy’t meispile wie dat it foar de subsydzje yn it Frysk moast.

Yn De trekker fan Troje folgje wy Friso, dy’t opgroeid is op in pleats dêr’t syn broer Hero no mei harren heit op buorket.… Lês fierder

Bartle Laverman

Sinjalemint ‘Oan dy tinke’ fan Sipke de Schiffart

logo.ensafh

Sipke tinkt oan: Lucia, Hiltsje, Tialda, Reierke, Eveline, Lolkje, Hannah, Pieternel, Ymkje, Angelyn, Eelkje, Geke, Petra, Sjoukje, Neeltsje, Bartina, Richtsje, Koosje en Geneviève, Beitske, Laura, Paulien, Sjoeke, Tetske, Bartina, Jorinte, Wytske, Marieke, Aaltsje,Wikelina.

De Schiffart: de namme wie ik wolris tsjinkaam, mar in persoan hie ik der noch net bij, oant de presintaasje fan In Echte Fries yn Tresoar. Sipke lies foar it earst foar publyk in pear fan syn fersen foar, moai fan stim, direkt en mei selsspot. It publyk fûn it prachtich. Der wie in bondel ûnderweis ferspruts de dichter. Dat waard yn maart 2017 Oan dy tinke, in bondel dy’t yn in pear moanne al in twadde printinge krigen hat!… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Mei in Weltschmerz-sigaarke yn ’e mûle de wrâld beloaitsje

logo.ensafh

Ferline jier is by Hispel de nije bondel, in echte Fries, fan Bartle Laverman ferskynd. Der steane ek in tal skilderijen fan syn hân yn, fandêr de ûndertitel gedichten & schilderijen. Nee, it is gjin tikflater, it stiet der mei ‘sch’, dus op syn Nederlânsk. De reden dêrfoar is grif om’t alle wurken in Nederlânsktalige titel drage. By de earste twa gedichten soest noch in beskate ferbining sjen kinne mei it byprinte skilderij. Mei de oare skilderijen is dat dreech, sels mei in sterke mjitte oan goede wil. Mar wêrom soe dat ek moatte? De bondel jout gewoanwei in bewiis fan it artistike kinnen fan Laverman.… Lês fierder

Jelma Knol

De omfallen kaartebak fan Obe Postma en in shortcut nei it wurk

logo.ensafh

In libben dat bloeide nei syn aard is de titel fan twa publikaasjes yn ien bân, yn 2017 publisearre troch Utjouwerij Elikser. It giet om in libbenskets fan de dichter Obe Postma troch Tineke Steenmeijer-Wielenga: ‘Al wat ik skriuw, dat is wier bard’ fan 247 siden en in stúdzje fan Geart van der Mear oer it wurk: ‘Fier haw ik myn dreamen weide / En de himel iepen sjoen’. It boek ferskynt yn de Obe Postma Rige fan it Obe Postma Selskip.

As jo as leafhawwer fan it dichtwurk fan Obe Postma alle feiten oer syn libben en wurk witte wolle, dan is dizze publikaasje in oanwinst foar jo samling.… Lês fierder