‘Sense of place’: Waling Dykstra yn Froubuorren
Lêzing útsprutsen by de presintaasje fan Folksskriuwer yn it doarpshûs fan Froubuorren, 20 novimber 2020
*
Wat makket it út wêr’t in skriuwer weikomt? Of wat er yn syn jonge jierren meimakket?
Net folle, sizze guon dy’t oan de teksten fan de skriuwer genôch hawwe. Mar teksten roppe fragen op, of litte har ûnderfreegje, en wat as de romans, ferhalen en gedichten fan dy skriuwer ferbân lykje te hâlden mei wêr’t er weikomt en út watfoar fermidden er stammet? Dan wurdt ek it útdjipjen fan de biografyske aspekten fan in skriuwerslibben miskien nijsgjirrich. Soks kin mooglik mear ljocht smite op har of syn skriuwerij.… Lês fierder