Blog Jaap Slager: Kultuerdragers? Ja, skyt!

logo.ensafh

Rju achte allegearre,

Pier hat grut gelyk neffens my – it is allegear loaibeuzigens op abstrakte hichte en hat (noch) neat te krijen mei de praktyk. In learplan oan ´e iene kant en de praktyk oan ´e oare sitte jitte witte folle fazen tusken, skriuwt Pier, as ik it teminsten goed foar de fernullen krige haw wat er bedoelt. Wy moatte de loarte by de skjinne ein oanpakke, seit er – wat moatte skoalbern no krekt leare? Wy moatte ris yn ´e hoksen sitten gean en it deistich fermidden fan ´e bern oereidzje, en dat yn betinken nimme…

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Ypie Bakker: Bûthús fervje

logo.ensafh

Oanstutsen troch de klusgekte om ús hinne betinke man en ik dat wy dat nije rollûk no ek mar ris ophingje moatte. It yninoar sette, opmjitte en foarboarje fan de gatten giet as it slydjaget, mar as man my freget om fan binnenút de lamellen mei de koarde omheech te lûken wylst hy bûten de behuzing op it kezyn montearret, giet it mis: ‘Toe mar, goed oanskuorre!’ ropt er my fan bûten ta en ik skuor fansels fierstente fûl.

De rôle mei lamellen ferdwynt yn de keunststoffen kap. Der is gjin beweging mear yn te krijen. De kap sit mei klinknagels yninoar, dat útinoar helje is gjin opsje.… Lês fierder

Tresoar Treast Telefyzje – ôflevering 1: Wa wie Gysbert Japix?

logo.ensafh

‘Skriuwer Gysbert Japix (1603-1666) stiet symboal foar de krêft en rykdom fan de Fryske taal en literatuer. Hy is in grutte ynspiraasjeboarne foar gâns skriuwers en dichters. Mar wa wie hy eins?

Lit it dy fertelle troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar, yn de earste ôflevering fan Tresoar Treast Televyzje.’

Sjoch fierder by TresoarLês fierder

Kollum Aant Mulder: Fryske romans

logo.ensafh

No’t ik de lêste tiid troch de koroana wat mear oan hûs bûn bin, kom ik mear oan lêzen ta. Ik hie earder de gewoante om yn boekwinkels en sa te sjen nei hokker boeken yn in Top 10 stiene. Dat makke de kar makliker. It binne ornaris de boeken dêr’t yn kranten en tydskriften oer skreaun en yn programma’s oer praat wurdt. Der is in ferskaat oan sokke yndielingen. Ik tink oan de Top 10 foar meast ferkochte boeken, foar literatuer en romans, foar misdiedromans. It Frysk falt dêr wat bûten en dat is eins wol spitich. Men is al bliid as der tsien ferskillende Fryske boeken yn ’e winkel steane.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Met Flipje een solowipje

logo.ensafh

‘Don’t mention the war!’ In klassyk wurden útspraak fan Basil Fawlty út de searje Fawlty Towers. John Cleese dy’t syn personiel ynstruearret, wylst er sels syn Dútske gasten oanienwei belediget. Mei as hichtepunt de imitaasje fan Adolf Hitler, wêrby’t Cleese de lange, meagere skonken hast tsjin it plafond slacht. Dêr moast ik oan tinke doe’t ik sitten gie om dizze kollum te skriuwen. ‘Don’t mention the c-word!’

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder