It sil my earlik sein woarst wêze. Oft de man de frou freget, of de frou de man, of in frou in frou freget, de man in man.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
It sil my earlik sein woarst wêze. Oft de man de frou freget, of de frou de man, of in frou in frou freget, de man in man.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Oer inkeld wêze
De palm oan de ein fan de geast,
Foarby de lêste tins, riist op
Yn it brûnzen dekôr,
In fûgel mei gouden fearren
Sjongt yn de palm, sûnder minsklik tsjutten,
Sûnder minsklik fielen, in frjemdsoartich liet.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Wy ha moarn in tige wichtige gearkomste. Ik kin der fierder net tefolle oer sizze hoewol’t de foarsitter fan ien klup der al wat publike meidielings oer dien hat. Hoe dan ek, ik ha it manuskript efkes útprinte. Dat is net maklik mei in knoffelich wifidinkje fan KPN dat ik bin lang om let noch yn doazen mei USB-kabels dûkt. Mar dat allegearre tersijde.
Der wankt gefaar foar dy gearkomste. Omdat der moarn in ekstra útstjoering op NPO is oer wat dêr’t nochal wat fragen oer binne. Dat mooglik moat sa’n gearkomste wol ôflast wurde om’t it fansels folslein ûnferantwurde is minsken de mooglikheid te ûntnimmen sa’n programma te sjen.… Lês fierder
Yn 1956 ferskynde der in bysûnder nûmer fan literêr tydskrift Quatrebras, nammentlik mei acht tekeningen fan JanMurk de Vries. It nûmer krige de titel ‘Nagasaki’ mei en oan de ein wurdt troch de redaksje skreaun dat de tekeningen ynspirearre binne op de oanhâldende proeven mei atoomwapens. De redaksje skreau: “Hja binne net bidoeld as yllustraesje fan it leed dat west hat, mar as warskôging tsjin hwat komme sil as de remmen weifalle. In protest tsjin alle forskrikking, fan Nagasaki oant Boedapest.” De tekeningen binne hjirûnder te besjen.
Lês fierder by Sirkwy… Lês fierder
Wy ha yn ús lân twa rykstalen. It Hollânsk en it Frysk. Men soe ferwachtsje dat we der mei-inoar grutsk op wêze soene. Dat is dus net sa. De fragen dy’t Keamerlid Harry van der Molen stelde ha dat wol wer dúdlik makke. Dy fragen joegen my stof ta tinken. Foar’t ik dêrop yngean, sil ik earst efkes fertelle wat dy fragen ynholden.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Mei lijen en muoite ha ik it filmke útsjoen. De strôt siet my ticht en de lilkens wie sa grut dat it bloed my yn de earen rûze. Ik ha it oer de opname dy’t Yarraka Bayles makke hie fan Quaden, har soantsje fan 9 jier. Dy siet te gûlen en frege syn mem om in tou, dat er himsels ophingje koe, om in mes om himsels dea te stekken. Hy woe net mear libje. As heit, as man en as minske bruts my it hert nei it sjen fan dy fideo.
Lês fierder by Omrop Fryslânhttps://www.omropfryslan.nl/nijs/940268-kollum-peste-pest… Lês fierder
The BeeDees (Bloomberg, Biden, Buttigieg ensfh.)
It ferwyt fan Bloomberg oan Bernie, dat er as kommunist gjin skop foar de kloaten wurdich is om´t er sels miljonêr is, rekket fansels igge noch seam. Is it ommers net just in teken dat er stiif yn ´e ankels stiet, as er mei al dy fuorring yn syn baitsje trou bleaun is oan syn prinsipes? En is it net just in teken dat der goede grûnen yn Bernie sitte, as er sizzen bliuwt dat rikelju mear belestings betelje moatte om de mienskip meiprofitearje te litten fan wat se efter it linnen hawwe? Dat makket him just ta in keardel út ien stik!… Lês fierder