Blog Jaap Slager: Frijens blijens

logo.ensafh

Neffens my binne minsken oeral gelyk. Min ofte mear dan. Ik haw alteast altyd wat gnyskje moatten om ´e tinkwize fan guon Amerikanen dy´t de eardere Sovjet-Uny as “Ryk fan it Kwea” beskôgen. Lykas wennen dêr gjin minsken, mei deistige noeden en soargen om bern en bestean.
Ik woe mar sizze: as men it ferskeel net mear sjucht tusken in folk en syn regear, dan kin men eltsenien wol ûnder de loep nimme, sa fier is it hinne, te begjinnen mei jinsels.

Dat nimt net wei dat wakker minsklike eigenaardichheden yn ´e iene kultuer mear klam krije kinne en mear eachweide wurde as yn ´e oare.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Gekkehûs

logo.ensafh

It lân fersakket net sa hiele egaal, wy ha in pear droege riten hân en it gas is ek hast op en wat der noch al is meie wy net oankomme. Genôch foer foar bobo’s om wat fatsoenlik troch de tiid te kommen.

Treinen kinne nammentlik net sa goed oer hulten en bulten dat 80% fan it spoar is folslein ûngeskikt foar it materieel dat wy ha wolle want it moat hurder en der moat ek mear folk yn. Kostet miljarden. Earstens soene jo jin ôffreegje kinne hoefolle tiidwinst dat hurder no hielendal opsmyt en twads soene jo jin ôffreegje kinne wêrom’t elk ynienen sanedich fan A nei B moat.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Fuck Black Friday, hoera foar boekefloed

logo.ensafh

Black Friday folget yn Amearika op Thanksgiving, dat wat by ús de Dank- of Biddag voor Gewas en Arbeid hjit. Bêst wol tsjinstridich, dat jo de iene dei God tank sizze foar de rispinge en erkentlik binne foar al it goede dat jo ûntfongen ha, om de dei dêrnei as in stel hokkelingen mei de gekke kowesykte winkels yn te stoarmjen, inoar it hier út de kop te lûken en ûnder de foet te rinnen om by guod te kommen dat net in dollar goedkeaper is as yn de rest fan it jier.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: Ljouwert City of Literature, it Frysk moat syn plak(je) witte

logo.ensafh

Net al te lang lyn, om krekt te wêzen op 30 oktober, kaam it ‘grutte’ nijs nei bûten dat de oanfraach fan Ljouwert om byskreaun wurde te meien op de lange list mei UNESCO ‘Cities of Literature’ goedkard is.

Ljouwert is dus no ‘City of Literature’, yn gewoan Frysk: literatuerstêd.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Kollum Aant Mulder: Leauwe oan Sinteklaas:

logo.ensafh

Leauwe oan Sinteklaas, dat dogge we fan ’t jier noch en dan hâldt it op. Wy dogge dat sa, om’t de lytste pake- en beppesizzer no noch leaut en neffens de heit en de mem it oare jier net mear. De bernsbern fan ús binne sûnt se it har heuge kinne fan betinken dat de echte Sinteklaas yn Balk oankomt. Sy ha oant no ta net in yntocht oerslein. Sy fine it prachtich sa’t Sinteklaas mei syn swarte piten oanfarren komt. Hoe’t er dêrnei alle tiid nimt om de lange rige fan âlden en bern bylâns te rinnen, fine se hast noch moaier.… Lês fierder

2019 Gifts for Writers and Readers

logo.ensafh

Writers and readers can be hard to buy for. I know I am! My family has completely given up on giving books to me in favor of giving gift cards to bookstores. But if you’d like to get a little more creative for the writer in your life this holiday season, or if you’d like to drop a hint that perhaps you don’t need another fancy pen this year, here are some ideas of gifts for writers and readers.

Lês fierder by WritersDigestLês fierder