Blog Sigrid Kingma: Yn de rêst

logo.ensafh

De maitiid is hast foarby. Der wie in reinige dei foar nedich om my wer ta it skriuwen te bringen, en dy binne wat seldsumer wurden. Yntiid binne in soad projekten ôfrûne. De MFU-eksamens lizze klear, de lesplannen by Wurdsnack binne dienmakke en de Simke Kloostermanpriis is útrikt. En dan wie der noch de Jan Ritskes Poëzijnacht, in waarme smûke jûn ûnder de beammen mei kollegadichters dy’t in soad nij wurk hearre lieten. Der wie in soarte fan dichtercosplayer by en it rûn tsjin de ein wat op in jamsesje út. Net de standertdichtersjûn dus.

Lês fierder b y Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Aant Mulder: Wolkom Thús – Fries van Hart

logo.ensafh

De iene kear lês ik dat Fryslân noch nea safolle ynwenners hân hat as no en de oare kear dat we mei krimp rekkenje moatte. Hoe sit dat krekt? Ut de sifers wurdt dúdlik dat op 1 desimber ferline jier 647.784 minsken yn ús provinsje wennen. Dat betsjutte groei! It gie om 0,05% en dat wylst dat getal foar it hiele lân 0,54% wie, tsien kear safolle! Net folle groei, mar dochs. Groei is ek net fanselssprekkend. Fryslân hie earder perioaden fan krimp, tusken 2011 en 2016 foar ’t lêst. Likegoed hie Fryslân dus noch net earder safolle ynwenners.

Lês fierder by It NijsLês fierder