Janneke Spoelstra

Redaksjoneel en Ynhâld fan ensafh nû. 4, 2014, it Rely Jorritsma-nûmer

logo.ensafh

Redaksjoneel

Sûnt 1954 skriuwt de stichting Rely Jorritsma Founs alle jierren in literêre priisfraach út mei as doel de Fryske literatuer te befoarderjen.
Sûnt 2004 wurdt nêst de gewoane priisfraach ek de Rely-Juniorpriisfraach foar jongeren fan 12 – 18 jier útskreaun.
Yn dit nûmer fan Ensafh stiet it bekroande wurk fan 2014. Sa as wenst binne ek de sjueryrapporten opnommen.
It bestjoer fan de stichting, besteande út it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Littenseradiel, hat de útjefte finansjeel mooglik makke.

Sjoch hjir foar it folsleine berjocht (pdf)

 … Lês fierder

Janneke Spoelstra

Redaksjoneel en ynhâld ensafh 3, 2014

logo.ensafh

Redaksjoneel

Guon hiene der earder west, mei of by oaren, koartby of jierren lyn. Guon wiene der foar it earst. De foardoar siet op ’t slot, mar we koene achterom. Of wie dat krekt de foarkant? It útsicht wie dêr rom. In wytfisk sloech mei de sturt op it wetter, toarnders flitsten tusken ielstikels troch. Der wiene steapelwolken, der wiene fleantúchstreken. In hoanskrobber mei flarderige wjokken sweefde oer de greiden. Guon kamen letter, guon kamen net. Der wie sinne en der wie skaad. Der wie praat en laitsjen. Yn ’e fierte skoden boatsjes foarby. Der wie in deade beam en iten en drinken.… Lês fierder

Redaksjoneel en ynhâld ensafh 2, 2014

logo.ensafh

Ynhâld

Redaksjoneel

John Bosma
Ramt

Thijs de Boer
Rindriuw
Oersetting: Geart Tigchelaar

Reinold van Oevering
te let

Piter Boersma
Alfred Lord Tennyson syn ferzje fan it graalferhaal

Geart Tigchelaar
Tweltsjes, in seleksje

Antje van Schepen
In read mûtske

Pier Boorsma
Sliepe

Geart fan der Mear
Ynlieding by de oersetting fan in fragmint út
De ûntsleine soldaat fan William Wordsworth

William Wordsworth
De ûntsleine soldaat (fragmint út The Prelude)
Oersetting: Geart fan der Mear

Geart Tigchelaar
blokje om
hinne en wer

Hein Jaap Hilarides
Stimd slik I
II

Octavio Paz
De brêge
Tekening
Oersettingen: Hindrik Wiebe Rinzema

Andries Miedema
Skipbrek
Spoekskip
De aak ‘Ferhoop’

Johannes Beers
De Stetson oan de kapstôk

Jia Dao
Sykje de hjerremyt, fyn him net
Oersetting: André Looijenga

Sjieuwe Borger
Pizzeria

Willem Winters
PERIO?Lês fierder

Cornelis van der Wal

D.A. Tammingapriis foar Ale S. van Zandbergen

logo.ensafh

Ale S. van Zandbergen hat de nije priis foar Fryske debuten, de D.A. Tammingapriis krigen. Stifting FLMD hat it inisjatyf naam foar dizze priis, dy’t yn plak komt fan de ferlern giene Fedde Schurerpriis. De sjuery, ûnder lieding fan Simon Oosting, wie tige te sprekken oer de oare twa nominearren, te witten Klaas Rusticus mei syn De brimstige ingel, en Sipke de Schiffart mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen. Van Zandbergen syn roman Littenser merke kypte der neffens de sjuery lykwols út.

foto (73)

Foarsitter fan de sjuery Simon Oosting
foto (75) De symboalyske sjek fan € 3000,- is foar Ale S.

Lês fierder
Geart Tigchelaar

Op ’en paad mei Regaad: ferslach fan in rock ’n roll literatoer

logo.ensafh

Donkergriis kleuret de moarn mei allinnich it lûd fan it tsjotterjen fan ’e fugels. De reis bringt my alderearst mei de trein nei it altiten kâldsigerige stasjon fan de stêd oer de Lauwers, Grins.
Dêrwei giet de reis wer werom nei Fryslân. Mei yn ’e auto’s it earste geastesberntsje fan de nagelnije útjouwerij Regaad, dit jier oprjochte troch de trije Fryske Grinzers Bert-René Luimstra, Anne Tjerk Popkema en Peter Boersma. Hja hawwe it ferhaal The pit and the pendulum fan Edgar Allan Poe útjûn as it kreas fersoarge en kreas oersetten boekje
De skacht en de slinger.
Hja wolle mei harren inisjatyf de boer op en dat dogge hja letterlik, op ferskate wizen.… Lês fierder

Redaksjoneel en ynhâld ensafh 1, 2014

logo.ensafh

Ensafh 1, 2014

Ynhâld

3 Redaksjoneel

4 Meindert Reitsma
Krisis yn ’e Frysk-literêre kultuer? In fierdere ferkenning

21 Johannes Beers
De útfretter

25 Friduwih Riemersma
Eksistinsjele famyljesêge

29 Beart Oosterhaven
Robert Johnson

30 Menno Wigman
Undergrûnse
31 Oersetting: Geart Tigchelaar

32 Simon Oosting
Mind your step

34 Fonger Burger en John Bosma
Swarte Rein

35 Geart Tigchelaar
Syltocht

39 Sigrid Kingma
In wikseljend weromsjen

45 Meindert Reitsma
Ferhalen mei in ûndertoan fan fertriet

51 Jannie Roodhof-Pool
De knikte blom

55 Geart Tigchelaar
In komyk epos

57 Elske Kampen
Opnij

58 Joël Huitema
Passus et sepultus est

59 Johannes Beers
Twadde komst

62 Maike Bouma
It ferfal fan De Swarte

img-new

Redaksjoneel

Yn syn Skriuwerskalinder-bydrage fertelt Douwe Kootstra fan ’e wike dat er
tusken de folksferhalen dy’t er bringt ek wolris in eigentiidsk sterk stik smyt,
bygelyks it ferhaal fan lijn 20 sûnder benzine krekt foar Drachten.… Lês fierder

Bouke Oldenhof

Sjueryrapport Fedde & Martha Bergsma-priis

logo.ensafh

Op sneon 14 desimber is oan Rients Gratama de Fedde en Martha Bergsma-priis útrikt foar it toanielstik ‘Eintsje libben’, dat troch de sjuery as it bêstr Fryske toanielstik fan de ôfrûne fiif jier oanwiisd is.
De priis wurdt takend troch de Stichting Fedde & Martha Bergsma-priis. Eardere winners wiene Tsjitske de Boer foar Prins Moreo’ (1994, Baukje Miedema foar ‘In beslút’ (1997), Antine Zijlstra foar ‘161’(2000), Romke Toering foar ‘Baarderlân’(2003) en Bouke Oldenhof foar ‘Lette ropping’ (2008).
De priis bestiet út in bedrach fan € 500,00 + oarkonde.

Hjirûnder it troch de foarsitter fan de sjuery, Bouke Oldenhof, opstelde sjueryrapport.

SJUERYRAPPORT FEDDE EN MARTHA BERGSMAPRIIS 2019-2013

Mei út namme fan myn beide mei-sjueryleden Tatiana Pratley en Grytha Visser mei ik hjir de befiningen fan de sjuery foar de Fedde en Martha Bergsmapriis 2013 ferwurdzje oangeande de ynstjoerde en foardroegen oarspronklike Fryske toanielteksten út it tiidrek 2009-2013.… Lês fierder