Teleks: PODCAST Boekekast #4: ‘Dûke, verdammt noch mal’, in ferhaal fan Geart Tigchelaar

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de fjirde ôflevering is it ferhaal ‘Dûke, verdammt noch mal’ fan Geart Tigchelaar te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra.

Harkje en lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer: ‘De muorre’ fan Anders M. Rozendal

logo.ensafh

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: De muorre (2001) fan Anders M. Rozendal.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Wat kun je leren van dichter en docent Tsead Bruinja? (2)

logo.ensafh

Tsead Bruinja (Rinsumageest, 1974) is dichter en woonachtig te Amsterdam. In 2019 en 2020 is hij Dichter des Vaderlands van Nederland. Vanaf 2012 is Bruinja werkzaam als docent aan de opleiding Creative Writing te Arnhem en van 2017 t/m begin 2019 was hij ‘Dongeradichter’ van de gemeente Dongeradeel.

Mirthe Smeets ging met hem in gesprek. Het interview verschijnt in 2 delen, dit is deel 2. Deel 1 verscheen 5 november. De gedichten worden af en toe vergezeld van een toelichting door Bruinja.

Het tweede deel gaat vooral over zijn docentschap aan de opleiding Creative Writing in Arnhem.

Lês fierder by MeanderLês fierder

Teleks: By Rotterdam waard eartiids Frysk praat

logo.ensafh

Doe’t taalkundige Peter-Alexander Kerkhof in moannemannich ferlyn syn bekende fideo yn midiuwsk Nederlânsk online sette, kaam dêr op it Frysktalige ynternet fuort in protte krityk op. De tekst yn ‘e fideo waard nammentlik útsprutsen troch in sabeare ynwenner fan it alfde-iuwske Rotterdam. Dy hie doe ommers Frysk praat, seine guons, en gjin Nederlânsk, dat de fideo soe net doge.

No is it sa simpel net as dat de kritisy hawwe woene. Yn ‘e midsiuwen wiene Fryske en Saksyske stammen konstant yn ferweech yn Súd-Hollân, dat doe noch foar in grut part út lytse eilantsjes bestie. Dochs hat Kerkhof goed nijs foar de Friezen: der is in oanwizing dat der uterlik yn de tolfde iuw yn it doarp Maasland, deun by Rotterdam, noch Frysk praat waard.… Lês fierder