Teleks: Dichters wurkje wike lang yn twatallen oan ’trochjougedicht’

logo.ensafh

Dichterskollektyf RIXT sit in wike lang yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde om te wurkjen oan in trochjougedicht. Dichter fan de moanne Cornelis van der Wal hat de earste strofe skreaun en oare dichters jouwe dêr yn sân twatallen in ferfolch oan. Oan de ein fan de wike is der in gedicht fan acht strofen.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: 1e strofe ‘Rigel fan Rink’ by RIXT

logo.ensafh

De bui [dei 0]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Yn augustus is Cornelis van der Wal Dichter fan de moanne. Hy hat it spit dêrôf biten troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke moarn mei fierder giet. As ‘Rigel fan Rink’ is der keazen foar: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.… Lês fierder

Teleks: Maïsmannetjes landen met nieuwe gedichten

logo.ensafh

Hij gaf er bijna de brui aan, toen zaterdagnacht een van zijn gele poppen was vernield. Toch onthulde Andries de Jong gisteren zijn nieuwe Maïsmannetjes .

Afgelopen weekeinde was dichter Andries de Jong druk geweest met het installeren van negen nieuwe gedichten en zijn gele Maïsmannetjes. Op de rand van een maïsveld van maatschap Meintsje en Wiebe Antonides-de Vries in Opeinde stonden die keurig op een rij. De volgende ochtend lag een van de Maïsjes kapot op straat.

,,Ik hie hielendal myn nocht’’, zei De Jong, die van 2017 tot 2019 gemeentedichter van Smallingerland was.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Fryske skriuwers kreauwe oer Rely Jorritsmapriis

logo.ensafh

Is de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis wol profesjoneel genôch? Dêr liket it debat oer te gean dat op it stuit op ynternet fierd wurdt. Friduwih Riemersma hat in kritysk stik skreaun en Koos Tiemersma reagearret dêrop.

Frou Riemersma hie in stik ynstjoerd foar de skriuwwedstryd. Hja krige wat letter fan Tresoar yn Ljouwert in folder opstjoerd oer skriuwkursussen en krige letter in brief dat hja net wûn hie. De folder beskôge hja as in meidieling dat hja neffens de sjuery “net bêst” skreau. Hja hie frege wêrom’t hja net wûn hie, mar de sjuery skreau dat se it net oan tiid hiene om elke ynstjoering te besprekken.… Lês fierder

Josse de Haan

RELYRALLY20

logo.ensafh

56 dichters en dichteressen ha dit jier har bêst dien en skriuw in fenomenaal fers foar de Rely-Priisfraach. Fryslân hat in soad poëten, en guon binne by steat goeie en nijsgjirrige poëzy te skriuwen.
De RELYRALLY20 hat lykwols mar ien priiswinnend gedicht oplevere – 55 fersen koene net foldwaan oan de noarmen fan dizze sjuery fan 2020. 1 fan de 56? Dat is heel apart.

Ik sjoch in tal mooglikheden oangeande dit debakel:

1 de leden fan dizze sjuery hawwe jierren poëzykunde studearre, hawwe tsientallen essays oer poëzij skreaun, en hearre dêrtroch by it puikje fan de literêre krityk, sadat har kar heel skerp west hat, en de latte dy’t se brûkten te heech wie foar dizze provinsjale famkes- en jongespoëten.… Lês fierder