Teleks: Stúdzjeseal Tresoar wer iepen fan 2 juny ôf

logo.ensafh

27-05-2020. Foarige wike makken wy it al bekend: ús stúdzjeseal giet wer iepen! Fan 2 juny ôf hite wy dy alle wurkdagen tusken 10.00 en 17.00 oere fan herte wolkom yn ús gebou. Yn dit berjocht ynformearje wy dy oer it meitsjen fan in reservearring, it besjen fan ús útstallingen, it lienen en werombringenfan boeken en de protokollendy’t wy dêrby hantearje.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Teleks: Bondel ferskynd oer de takomst fan de frisistyk yn Nederlân

logo.ensafh

Yn 2019 waard yn Ljouwert in konferinsje holden oer de takomst fan de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde, oftewol de frisistyk. Heech tiid, want it fak stiet al in skoftlang ûnder druk. De goedbesochte gearkomste wie organisearre troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (SFFYRUG), yn ’e mande mei de Fryske Akademy. De lêzingen dy’t op dy gearkomste holden waarden, binne no bondele mei as titel: De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Falbile Tige Koarte Ferhalen Ferlinge

logo.ensafh

F ALBILE TIGE KOARTE FERHALEN FOAR DE LANGE KOARTPROAZAJÛN IS MEI IN MOANNE FERLINGE FANWEGEN KOROANA

Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt.

De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten net alles, dat thús sitte en skriuwe is de bêste wize om de tiid om te krijen.

De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.… Lês fierder

Teleks: Priuwke fan Fryske literatuer troch in rôze bril (3)

logo.ensafh

It tredde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fragmint fan de Janneke Spoelstra.. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.

Lês fierder by SirkwyLês fierder