Aginda 12-03-20: twa lêzingen by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’ oer JanMurk de Vries

logo.ensafh

Op tongersdei 12 maart binne der yn Obe twa lêzingen by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’, oer keunstner JanMurk de Vries. De jûn begjint om 20.00 oere (gjin ynrin); tusken de beide lêzingen wurdt der kofje en tee skonken

Lêzing Bert Looper ‘JanMurk en Quatrebras’
Bert Looper sketst yn syn lêzing it kulturele klimaat yn Fryslân yn de jierren 1950 – 1975. Sintraal stiet dêryn it tydskrift Quatrebras dêr’t de kearnpunten fan de kulturele fraachstikken fan dy tiid har yn konsintrearren. JanMurk de Vries wie inkele kearen belutsen by Quatrebras fanút in sterke maatskiplike belutsenens. It libben en tinken fan JanMurk ferbûn him mei en ûntjoech him yn it Fryslân út dy tiid.… Lês fierder

Teleks: Fergees boekewikegeskink: ‘Leon & Juliette’

logo.ensafh

Yn ‘Leon & Juliette’ rekonstruearret Annejet van der Zijl in wierbarde njoggentjinde-iuwske leafdesskiednis dy’t alles treast wie, oant de ferjitnis ta. Hy wie in jonge Nederlanner dy’t syn ferearme heitelân ûntflechte wie om kapitaal op te bouwen yn de Nije Wrâld. Sy wie in swart famke yn in maatskippij dêr’t immen lykas sy net mear wurdich wie as in ûnmûnich stik fee dat nei goedfinen kocht en brûkt wurde koe.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Josse de Haan

Ynstjoerd: BOEKEWIKE, FLAMINGEN, WADMAN en it FRYSK

logo.ensafh

Mei de panne op it dak kin ik de Nederlânske TV krije – DWDD en OP1 sjoch ik gauris. Op woansdei en tongersdei fyn ik OP1 it nijsgjirrichst, meidat ik de presintatoaren frij goed fyn.
Justerjûn op 5 maart gong it û.o. oer de boekewike fan dit jier.
De geskinkskriuwster Annejet van der Zijl en de direkteur fan de CPNB (Collectieve Propaganda Nederlandse Boek) wiene oanwêzich. Fan Van der Zijl haw ik in pear prachtige boeken lêzen – ‘Sonny Boy’ ‘Bernhard’ en ‘Jagtlust’ bygelyks. Se skriuwt non-fiksje, basearre op wiidweidige dokumintaasje. Dit jier hat se it Nederlânske boekewikegeskink skreaun – ‘Leon en Juliette’.… Lês fierder