Teleks: Utstalling en lêzing oer it byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest

logo.ensafh

Utstalling en lêzing oer it byldzjend wurk fan Reinder R. van der Leest
​Reinder R. van der Leest is benammen bekend as skriuwer en dichter, mar hy hat ek syn libben lang tekene en skildere. Yn de útstalling ‘Reizen om utens’ wurdt benammen syn byldzjend wurk beljochte. De eksposysje is fan 30 augustus oant en mei 27 oktober 2019 by Tresoar te sjen.

Reinder Rienk van der Leest (Drachten, 1933) folge de kweekskoalle, mar wie it leafst nei de keunstakademy gien. Oant syn pensjoen ta wie er skoalmaster en dêrneist wie er freelance grafysk ûntwerper. Yn syn wurk eksperimintearret er mei foarm en sljochtet er grinzen tusken literatuer, keunst en muzyk.… Lês fierder

Teleks: Die 20 Nominierten für den Deutschen Buchpreis stehen fest

logo.ensafh

Zum Auftakt der Frankfurter Buchmesse, dieses Jahr am 14. Oktober, zeichnet die Stiftung des Börsenvereins des Deutschen Buchhandels den deutschsprachigen “Roman des Jahres” mit dem Deutschen Buchpreis aus.

Sieben von Jahr zu Jahr wechselnde Juroren wählen unter den von den Verlagen eingereichten und eventuell auch nachgeforderten Romanen zunächst 20 aus, am 17. September wird dann die Shortlist mit sechs Titeln bekannt gegeben. Der Preisträger erhält 25.000 Euro, die übrigen fünf Autoren der Shortlist erhalten jeweils 2.500 Euro.

Die 20 nominierten Autorinnen und Autoren und ihre Titel sind:

Lês fierder by Der SpiegelLês fierder

Oprop Simmertema: ôfskied fan saken – Falbile 24 augustus 2019

logo.ensafh

Ynienen plofte der in idee op tafel foar in simmertemanûmer fan ensafh mei proaza en poëzy. En it tema is the end of the affair. Ofskied fan saken wie de spontane oersetting fan Edwin de Groot. Dat kin fan alles wêze. Ik hie in love song fan Billy Holliday yn de kop (‘Let’s take the whole thing of’), in oar tinkt mooglik oan Graham Greene syn ferneamde roman, wer in oar oan in útjouwerij dy’t op de fles gyng of oan in foarbije leafde, in leave, âlde hûn, wa sil it sizze.
Wy nûgje jim út om jim eigen bydrage te leverjen oan dit spesjaalnûmer fan ensafh.… Lês fierder

Teleks: Nij gedicht fan Dichter fan Fryslân ‘Fat Man’s Tsjusternis 090845’

logo.ensafh

Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Korea dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Dizze wike mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei navenant alle gefolgen. Omwenjenden waard frege om fuort te wêzen fanwegen de radio-aktive straling. It binne ûntjouwings yn in moanne dêr’t yn betocht wurdt dat 74 jier ferlyn de atoombom op Hiroshima en Nagasaki foel. Underdiel fan de nije wapenwedrin is de ynset fan alderhande cyberwapens.Lês fierder

Aginda 26-08-19: Presintaasje 45e Fryske Bûsboekje by klokkemakker Tjitte Talsma

logo.ensafh

Utnûging presintaasje 45e Fryske Bûsboekje by klokkemakker Tjitte Talsma.

“Ik libje wol twa libbens, en kom dus tiid tekoart” (J.D. de Jong, 1977)

Utnûging presintaasje 45e Fryske Bûsboekje, tema: TIID

Plak: klokkemakker Tjitte Talsma, Rhaladyk 17, Aldtsjerk
Moandei 26 Augustus 2019, fan 17-19 oere

It nije Fryske Bûsboekje (edysje 2020) is klear! Dit jier is it tema: “tiid”. In moai tema foar in boekje dat jo it hiele jier troch yn de bûse hawwe. In feilich plak yn dizze digitale tiden en mei ynternet dat net mear sa feilich is.
Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet.… Lês fierder

Teleks: Veel woede over dubbele petten in cultuurbeleid: ‘dit lijkt een Friese omerta’

logo.ensafh

In de Friese culturele sector is breed onvrede over de dubbele petten bij de verdeling van de provinciale cultuurgelden, maar niemand durft dat hardop uit te spreken: veel organisaties zijn uiteindelijk ook weer van diezelfde mensen met dubbele petten afhankelijk. Volgens Harrie Muis, die jarenlang popprogrammeur was bij onder meer Theater Romein, lijkt er sprake te zijn van een ,,culturele omerta”.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder