Teleks: Provincie Fryslân mist Fries in cultuuradvies Raad voor Cultuur

logo.ensafh

In het advies voor het cultuursubsidiebeleid voor de komende jaren staat onder meer dat de subsidies meer verspreid moeten worden over het land en GS noemen het positief dat de raad oog heeft voor ‘de kracht en de noden van de regio’.
Verbazing

Toch is GS niet louter positief. Er zou te weinig aandacht zijn voor ‘de bijzondere positie van Friestalige culturele spelers’.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Aginda 24-05-19: Presintaasje ‘Ryzji yn it Frysk’

logo.ensafh

‘Op 24 maaie wurdt de bondel Ryzji yn it Frysk presintearre yn tentoanstellingsromte melklokaal voor hedendaagse kunst op it Hearrenfean. De portretten fan Hamstra en syn assemblaazjes ynspirearre op ‘De see’ binne dan ek te sjen. Hettinga sil in tal fan syn Fryske oersettings foardrage, en Ira Judkovskaja docht deselden yn it Russysk. De bondel ferskynt by útjouwerij Cepher. De mini-ekspo ‘De See / De zee’ mei portrettekeningen en de skilderijeseary nei oanlieding fan it gedicht ‘De see’ fan Ryzji is nei de bondelpresintaasje o/m 7 july ek te sjen yn melklokaal.’

Sjoch foar mear ynformaasje by De MoanneLês fierder

Aginda 15-06-19: Poëzyjûn yn de Aldehou

logo.ensafh

 

 

Op 15 juny 2019 is der wer in spesjale poëzyjûn yn de Aldehou, de bekende skeve toer fan Ljouwert. In jûn mei dichters, ferhalenfertellers en muzyk. Oan it begjin fan de jûn drage trije learlingen fan OBS De Oldenije in sels skreaun gedicht foar.

Sjueryfoarsitter Edwin de Groot sil lykas yn foargeande jierren kommentaar leverje op de gedichten fan de bern. Edwin (1963) dichtet yn it Frysk en it Hollânsk. Yn 2016 is syn fjirde Frysktalige bondel by de Afûk ferskynd en sil by de Hollânske útjouwerij In de Knipscheer útkomme. Hy is redakteur fan it Frysktalige literêre tydskrift Ensafh en is op dit stuit gemeentedichter fan de gemeente It Hearrenfean.… Lês fierder

Teleks: De KFFB jout Rembrandt-roman út

logo.ensafh

De KFFB jout Rembrandt-roman út

‘Sneon 18 maaie l.l. krige de Dokkumse skriuwster en oersetster Corry Boelens it earste eksimplaar fan it boek De skilderslearling oerlange.
Dit boek mei de oarspronklike titel Der Gehilfe des Malers is skreaun troch de Dútske keunsthistoarika Alexandra Guggenheim. Der Gehilfe des Malers is ek yn it Frânsk, Koreaansk Spaansk en it Portugeesk oerset. DE KFFB is der grutsk op dat sy de rjochten krigen om dit boek yn it Frysk oersette te litten. It is in prachtich boek dêr՚t it lêste libbensjier fan de grutte skilder yn beskreaun wurdt. It boek is skreaun út it perspektyf wei fan Samuel Bol, de lêste skilderslearling dy՚t Rembrandt hie.… Lês fierder

Teleks: Simke Kloostermanpriis útrikt foar berneboek ‘Tomkes foarlêsfeest’

logo.ensafh

It boek ‘Tomkes foarlêsfeest’ hat de trijejierlikse Simke Kloostermanpriis foar jeugdliteratuer wûn. De priis fan 5000 euro en in oarkonde is freed útrikt.
It boek is skreaun troch Riemkje Pitstra en Auck Peanstra, mei tekeningen fan Luuk Klazenga. Auck Peanstra is yn 2016 ferstoarn, har man Frans Hoogland naam de priis freed yn ûntfangst.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Wedstriid foar koarte ferhalen yn Frysk of streektaal oer ‘sinnekear’

logo.ensafh

Der komt in Fryske koarteferhalewedstriid yn it ramt fan it BoekSimmerBoekfeest. It feest is op 21 juny yn Drachten en wurdt, lykas de wedstriid, organisearre troch de Stifting Boeken fan Fryslân.

De easken oan it ferhaal binne ienfâldich: it mei 500 oant 600 wurden lang wêze en moat yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen skreaun wurde. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘Sinnekear’ (Zonnewende).

De winner wurdt earst op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten.… Lês fierder

Teleks: Taalstrider Bertus Jans Postma fan Bitgummole beneamd ta earelid Jongfryske Mienskip

logo.ensafh

Taalstrider Bertus Jans Postma (89) fan Bitgummole is woansdeitejûn op It Hearrenfean útroppen ta earelid fan de Jongfryske Mienskip. Kommissaris fan de Kening Arno Brok spjelde Postma de Jongfryske earespjelde op en spruts by dy gelegenheid wurdearjende wurden foar de ‘kriich’ fan it earelid.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder