Teleks: Oankundiging nije dichtbondel Abe de Vries

logo.ensafh

Ut it parseberjocht:

‘Tongersei 14 maart is te Aldsyl presintearre de njoggende dichtbondel fan dichter en Gysbert Japicxpriis laureaat Abe de Vries, titele Mienskar.’

‘Mienskar befettet 35 sonnetten dy’t har rjochtsje tsjin it fan minsken ferjarre (keunst)klimaat yn Fryslân en foarmet op syn eigenwize wize in wjerlûd fan Rintsje Sybesma syn Ta de moarn.’

De bondel is fergees as pdf del te laden by De Vries syn weblog.

 

 … Lês fierder

Teleks: “Fryske boek is net sichtber genôch en dêrom is bettere promoasje nedich”

logo.ensafh

It Fryske boek moat mear en better oan de man brocht wurde, fynt skriuwster Jetske Bilker. Utjouwers, media en boekwinkels binne dêr neffens har ferantwurdlik foar. Bilker sette it boekewikegeskink ‘Jas van belofte’ fan Jan Siebelink oer nei it Frysk. Neffens har binne in soad skriuwers net berne as poadiumdieren en fine sy it dreech om harren boeken oan de man te bringen. Dat soe in taak wêze moatte fan de útjouwer, mar dêr is net altyd genôch tiid en jild foar.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Skriuwersboun ‘Set Fryske literatuer earst goed op ‘e kaart’

logo.ensafh

Ljouwert wol him kandidaat stelle foar de titel City of Literature. It Skriuwersboun sjocht kânsen en stiet derop oan dat de Fryske literatuer goed op ’e kaart set wurdt.

Op 14 febrewaris lêstlyn hat It Skriuwersboun de listlûkers fan ferskate politike partijen útnûge om mei-inoar te praten oer de Fryske literatuer en oer it provinsjale belied ta befoardering fan dy literatuer. Neist de politike diskusje hawwe wy yn poëzijfoardrachten de skientme fan it Frysk sjen litten. Mei in kwis ha wy wat fan de skiednis fan ús literatuer toand en yn in kollum krige de produksje fan hjoeddeisk Frysk proaza klam.… Lês fierder

Aginda 31-03-19: Iepen poadium foar skriuwers en dichters yn Stedsherberch Snits

logo.ensafh

Op zondagmiddag 31 maart om 15.00 uur organiseert Stichting FryX in samenwerking met de Stadsherberg Sneek een gratis open podium voor dichters, schrijvers en verhalenvertellers. Het wordt een verrassende middag vol gedichten, spoken word, verhalen, anekdotes en muziek.

Elke schrijver of dichter die wil voordragen uit eigen werk kan meedoen, na aanmelding bij de stichting. Daardoor is het programma nog niet bekend, maar in elk geval zullen Riek Landman en Marten Visser aan de middag bijdragen, terwijl de presentatie in handen is van Amieke de Rapper. De muziek wordt verzorgd door trio “KinWolWerris”.

Kaarten à vijf euro, inclusief koffie of thee, zijn verkrijgbaar bij de Stadsherberg aan de Lemmerweg.… Lês fierder

Aginda 30-03-19: Literêre jûn mei û.o. Jan Siebelink en Tsead Bruinja

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân organisearret op 30 maart o.s. in literêre jûn mei meiwurking fan Jan Siebelink (auteur fan it Boekewikegeskink ‘Jas van belofte’), Jetske Bilker (oersetter fan it Boekewikegeskink), Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands) en Eeltsje Hettinga (Dichter fan Fryslân). Oanfang: 20.00 oere. Lokaasje: Dûnsskoalle Saco Velt, Saccramentsstrjitte 19, Ljouwert. Tagongskaarten à € 7,50 binne fan hjoed ôf te keap by Boekhandel Van der Velde Ljouwert, de Afûkwinkel en fia de Afûkwebsjop.

 … Lês fierder

Teleks: Taspraak fan Geart Tigchelaar by de manifestaasje fan Sis Tsiis op 9 maart 2019 op it Saailân

logo.ensafh

Piter Dykstra hat oan it begjin fan de optrocht al neamd wat der sa mankearret oan it Frysk ûnderwiis en hoe’t dat gâns better kin en moat. Dêr’t ik no op yngean wol is it dat de Fryske taal oan safolle te’n grûnslach leit. Mei oare wurden, as it ûnderwiis yn it Frysk noch minder wurdt, wurket dat troch op in soad oare aspekten.

Lês fierder by It NijsLês fierder