Aginda 24-11-18: Op syk nei de leechte, poëzy en keunst yn Beetstersweach

logo.ensafh

Sneon 24 novimber binne yn de Doarpstsjerke en yn de Projektrûmte 17 te Beetstersweach dichters en keunstners oanwêzich dy’t bydroegen ha oan de útstalling Skjin Laai/Tabula Rasa. Yn dizze útstalling yn in prachtich histoarysk hûs, ferwurdzje en ferbyldzje sy harren hâlding foar de leechte oer. Wat betsjut leechte, hoe meitsje sy leechte, begjint alles wer op ’en nij? It resultaat is in rike útstalling mei teksten, bylden en lûden dy’t ús as taskôgers meinimme nei de yndividuele keunstner, mar ús ek konfrontearje mei de eksistinsjele fraach as alles mei in skjinne laai begjinne kin.
De dichters Hein Jaap Hilarides, Edwin de Groot, Marije Roorda, Jetze de Vries en Syds Wiersma drage yn de Doarpstsjerke harren wurk foar en jouwe in taljochting.… Lês fierder

Teleks: Dichterspaad Aldegea siket nije dichters

logo.ensafh

Mar leafst 18 gedichtepanielen by it Dichterspaad del yn en om it doarp Aldegea (Smellingerlân) sykje nei nije ynhâld.

Fandêr dat Doarpsbelang Aldegea dichters yn de gemeente, de provinsje en fier dêrbûten opropt om mei nije gedichten te kommen. Elkenien kin meidwaan en fertsjinnet mooglik in eareplak by de rûte del.

Aldegea leit oan ’e râne fan Nasjonaal Park De Alde Feanen en midden yn de útstrutsen landerijen yn it karakteristike Wâldske kûlizelânskip, sadat it doarp har treflik lient foar unike kuierrûtes. Njonken in fanatyk kuierdoarp is Aldegea boppedat fan âlds in kultuer-minnend doarp. Fandêr dat mei it plan foar in kuierpaad ek it idee foar in poëzyrûte ûntstie: Dichterspaad Aldegea.… Lês fierder

Aginda 10-11-18: Noordelijke filmarchieven on stage

logo.ensafh

Mei û.o. Geart Tigchelaar en Sytse Jansma

Op welke manieren kan historisch filmbeeld performers triggeren? Hoe geven zij zelf gekozen archiefbeelden nieuwe dimensies in muziek, sketch, poëzie, spoken word, rap? Als je hier achter wilt komen, kom dan zaterdagmiddag 10 november van 15:30 tot 17:30 uur naar De Backstage, het café in Neushoorn, en laat je verrassen door zeven live optredens. Deze zijn geselecteerd na een open call van het Noordelijk Film Festival, Lân fan Taal en de drie noordelijke filmarchieven. De performers hebben geput uit de collecties van het Drents Audio Visueel Archief, de Groninger Archieven en het Fries Film Archief.… Lês fierder

Teleks: Provinsje set kaders út foar kultuerbelied fan de takomst

logo.ensafh

De Provinsje Fryslân wol yn har kultuerbelied yn de takomst ynsette op fjouwer ûnderdielen: keunst, erfguod, taal en programmalinen. Dit stiet yn de nije notysje ‘Kultuer oan ‘e Kime’. Hjiryn steane de doelen, betingsten en toetsingskriteria foar it nije kultuerbelied fan 2021 ôf. Yn de hjoeddeistige sitewaasje binne der gjin dúdlike kritearia om te bepalen hokker ynstelling meardere jierren in subsydzje krijt.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Piter Boersma

Teleks: Oprop om ferhalen en essees te skriuwen

logo.ensafh

It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.

Wy sille dat nûmer as de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meijaan. Wy referearje dêrmei oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Fryske proaza wurdt sa stadichoan in geheim.

Wy nûgje proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren. Dat kinne teksten wêze fan 1000 oant 2000 wurden. It stiet jo frij, mar foar in bydrage oan dit nûmer soene jo faaks útgean kinne fan it tema, ‘It geheim fan Fryslân’.… Lês fierder