Aginda 25-05-18: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Tessels Taalpraatje

logo.ensafh

TESSELS TAALPRAATJE

Kejje nag Tessels? En wot sèg je don, durrep of dorrep? En hoe werrekt dot nou mit de oo en de óó, weerom is ‘t bóót en gróót maar doene-we boeskippe bee Koot? Wot is de geskiedenis fon ‘t Tessels? Benne der regels foor wot of goêd Tessels is en wot niet? Weer komt ons dialekt fondaan en weer liekt ‘t op?
Frage, frage – maar der benne ok antwoorde! Marcel Plaatsman, opgroeid on de Overkont maar mit Tesselse roots, leerde de eilonder taal prate bee opa en oma Plaatsman op Óóst en hee het er nag puur over nadocht ok.… Lês fierder

Teleks: Fryske Taalhelp Online

logo.ensafh

Fergese digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol. Foar jong en âld, handich rubrisearre. Wurdboek-apps, games, in Frysk toetseboerd foar dyn tillefoan of tablet, in oersethelp en noch folle mear. Mei dizze digitale taalhelpmiddels foar it Frysk makkest noait wer in flater.

Sjoch op taalhelpLês fierder

Teleks: Rely-priisfraach 2018 iepensteld

logo.ensafh

Rely-priisfraach 2018 iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de beste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Oant 1 jannewaris lêstlyn waard it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b.… Lês fierder

Aginda 18-05-18: Ynformaasjejûn oer Bartelje!

logo.ensafh

Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst
Kin in geweldich populêre, iuwenâlde poëtyske keunstfoarm út Baskelân ek oanslaan yn Fryslân? Fiif Friezen tinke fan wol en sille it serieus besykje. Op freed 18 maaie om 20.00 oere wurdt yn talepaviljoen MeM yn Ljouwert it projekt ‘Bartelje!’ taljochte. Dan is ek de eksklusive foarpremjêre fan de FryslânDOK-dokumintêre ‘It súksesferhaal fan in minderheidstaal’, oer it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen, en de earste stappen fan de inisjatyfnimmers om de ymprovisjaasjefoarm nei Fryslân te heljen.
Bertsolaritza
‘Bertsolaritza’ is poëzij, slam, ymprovisaasje, entertainment en muzyk tagelyk. In ‘bertso’ is in muzikaal fers yn Baskyske styl. De ‘bertsolari’ – sjonger fan de bertso – kriget in ûnderwerp oanrikt, en moat dêr nei tweintich sekonden betinktiid wat oer sjonge.… Lês fierder